Kian Visser stelt doel nei ûnderen by: "Vijftien goals is niet meer realistisch"
Kian Visser hat mear tiid nedich hân as er tocht om te wennen oan it proffuotballer wêzen. De spits makke ôfrûne simmer de oerstap fan Harkemase Boys nei SC Cambuur en moat it benammen dwaan mei ynfalbeurten.
In jongesboek, mearke en in dream dy't útkomt. It wiene termen dy't ôfrûne simmer foarbykamen, doe't Kian Visser in kontrakt tekene by Cambuur. De rasechte Ljouwerter by de klup dêr't er as lyts jonkje op 'e tribune stie.
De realiteit is dat Visser oant no ta alve kear ynfallen is. Dêryn makke er ien, hiel wichtich, doelpunt. Yn de basis begûn er noch net. De gewenningsperioade duorre langer as er hope hie, mar is neffens Visser no wol efter de rêch.
Hieltyd fitter
"Het was in de beginfase lastig en wennen", jout de oanfaller ta. Hy moast yn de earste moannen geregeld in training oerslaan, om binnen foar himsels te trainen.
"Omdat ik niet gewend was zes dagen in de week te trainen. Maar in de afgelopen maanden train ik elke dag met de groep mee. Ik merk dat mijn fitheid steeds beter wordt."
De 23-jierrige Visser libbet, ek al hie der mear ynbring ha wollen, wol syn dream by Cambuur. "Als je elke dag kunt voetballen, is dat fantastisch. Na de winter hoop ik mijn stappen te gaan zetten, want één doelpunt in de eerste seizoenshelft is wat weinig. Ik hoop na de winter belangrijk te zijn voor Cambuur."
Te begjinnen mei de wedstriid tsjin Willem ll. Cambuur kin de Tilburgers op fyftjin punten sette. Mar dat net allinnich. "Je kunt ook nog een periode pakken, als De Graafschap verliest."
Neikompetysje
ADO Den Haag is al wis fan de perioadetitel, mar om't se de earste perioade ek al pakt ha, giet de priis nei de nûmer twa. De Graafschap hat de bêste papieren, mar as it lykspilet of ferliest tsjin Roda JC en Cambuur wint, giet de priis nei de Ljouwerters.
Neist 75.000 euro betsjut dat in startbewiis foar de neikompetysje om promoasje nei de earedivyzje.
Tsjinstanner Willem ll is de klup dêr't Visser dit seizoen syn iennige doelpunt tsjin makke. By in 2-1 efterstân skoarde er yn de slotminuten de lykmakker mei in omhaal.
"Dat was een avond om nooit meer te vergeten. Dat was een belangrijk doelpunt voor mezelf en voor het team. Maar het was geen spectaculaire omhaal", laket Visser.
Hoefolle goals wol Kian Visser dit seizoen meitsje?
It is it iennige doelpunt dat Visser dit seizoen dus makke. En dat falt himsels wol ôf, want by syn presintaasje sei er mei bravoer dat er fyftjin doelpunten meitsje woe.
"Ik houd wel van een geintje", seit er dêr no oer. "Maar vijftien goals is niet meer realistisch. Promoveren met Cambuur is wel realistisch en een nieuw doel voor na de winter. Ik hoop dat wij aan het einde van het seizoen op de Oldehove staan."
Trainer Henk de Jong oer de ûntwikkeling fan Kian Visser
Dat Visser útrêste yn Tilburg ferskynt, is trouwens net fanselssprekkend. Twa wiken lyn waard de Ljouwerter foar de twadde kear heit fan in dochterke.
"Bij de eerste hadden we slapeloze nachten. Nu niet. Je bent twee keer wakker om een flesje te maken, maar ze slaapt lekker door tot half negen. Ik pak mijn slaap wel 's nachts, gelukkig wel."
Live te folgjen
Oft Kian Visser syn stimpel drukke kin yn de wedstriid fan SC Cambuur tsjin Willem ll is live te folgjen by Omrop Fryslân. It duel begjint om 20.00 oere.
Op de radio hearst in ekstra sportprogramma, dat om 19.45 oere begjint. Op ynternet hâlde wy in livebloch by mei alles wat der yn it Kooi Stadion bart fan minút oant minút.