Omrop Fryslân

Al mear as 800 rotten deamakke op Skylge, mar it front ferskoot

Al 800 rotten op Skylge hawwe it ôflein
© Omroep Zilt | Shutterstock.com (TEEREXZ)
Op Skylge binne tusken febrewaris en novimber al mear as 800 rotten fongen en deamakke. Mar de rotten lûke op 'e nij nei de bebouwing ta en dat is 'soarchlik'.
It eilân krige in ûntheffing fan de provinsje foar de jacht. Dêrmei hopet de gemeente in pleach foar te kommen.
De bestriding docht fertuten: de populaasje nimt ôf, sa skriuwt de gemeente Skylge.

Fersprieding

Wol sjogge se dat de rotten har hieltyd mear oer it eilân ferspriede. Oan it begjin fan dit jier sieten de rotten benammen op plakken dêr't iten te finen wie.
Tink dêrby oan buorkerijen, pikehokken, it bedriuweterrein en by sleatten del.
Mar yn de maitiid lutsen de rotten nei de polder, dêr't se in grutte bedriging foarmen foar greidefûgels en harren aaien.
Sels by de Waaddyk waarden gongen oantroffen. Simmerdeis ferstoppen de rotten har ek op de dyk en tusken de basaltblokken oan see.

Wer nei bebouwing

Om't der no minder iten yn de polder is, lûke de rotten op 'e nij nei de beboude omjouwing ta: West-Skylge, Midslân en it dúngebiet.
Dat is "zorgelijk", sa skriuwt de gemeente. "Want hier kunnen zij ziektes overbrengen."
De ôfrûne moannen hat in team fan rottejagers besocht de populaasje yn 'e stringen te hâlden.
In fiiftal eilanners krige in oplieding ta rotteskutter. "Het is nog geen plaag, maar als dat het wordt, dan hebben we wel een probleem", sei Jan van Rees, ien fan de manlju.
In reportaazje fan Omroep Zilt fan in jier lyn:
"Je hoeft niet heel goed te kunnen schieten, maar je moet vooral goed om kunnen gaan met de apparatuur. Dan kan er eigenlijk niets mis gaan."
Henk Fennema, ek ien fan de jagers, joech in jier lyn oan dat der al in lytse 100 rotten pakt wiene.
"We hebben twee populaties gevonden. Eén op het industrieterrein en één bij een boer. Daar hebben we de afgelopen tijd best intensief op gejaagd", fertelde hy doe.

Previnsje

In jier letter hat de jacht opsmiten dat der al 800 rotten minder binne. Mar it probleem is noch net oplost, want de rotten lûke dus oer it eilân.
Dêrom freget de gemeente ynwenners ek om mei te helpen. Previnsje, dat is it biedwurd.
Dat kin troch iten en foer ôfsletten te bewarjen, itensresten yn ôfslútbere konteners te smiten, gjin rommel slingerje te litten en skûlplakken op it hiem te beheinen, tink oan rommel- en kompostbulten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.