Omrop Fryslân

Konferinsje oer de takomst fan karbid yn Burdaard: "De knal is bysaak"

Karbidkonferinsje yn Burdaard
© RTV NOF, Bote Sape Schoorstra
By de twadde edysje fan it Nationale Carbidcongres yn Burdaard is wiidweidich sprutsen oer de takomst fan it karbidsjitten. Bliuwt de tradysje yn ús provinsje bestean no't der in fjoerwurkferbod komt?
Om dat te bepraten, kaam yn Burdaard in grut ferskaat oan partijen oan it wurd. By it Nationale Carbidcongres wienen gemeenten, helptsjinsten, karbidploegen en erfgoedeksperts oanwêzich.

Lanlik fjoerwurkferbod

No't fjoerwurk mei de jierwiksel fan 2026 op 2027 ferbean wurdt, is it de fraach oft it karbidsjitten wol trochgean kin.
"Is dat ek ferbean of kin dat wol trochgean?", freget boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân. Neffens him soe it trochgean kinne. "As it op in goede wize organisearre wurdt, is de knal mar bysaak."
By it karbidsjitten yn Terherne
© NoorderNieuws
Sytze Batema fan Carbidteam Olderaast út Surhústerfean is it mei Kramer iens. "Wy sjitte altyd mei ballen, we ha it karbid op in bepaalde ôfstân sadat it publyk fier genôch fuort stiet. Eardoppen kinst ek by ús krije."
Boppedat is it net tastien om fjoerwurk ôf te stekken op it terrein.

Regels

Kramer tinkt dat de tradysje fuort net yn gefaar komt, mar docht dêrby wol in berop op de oerheid.
"Sa't it no liket, kin it takom jier ek gewoan trochgean", seit Kramer.
"Ik hoopje dat de oerheid net de hiele boel tichttimmeret mei regels wêrtroch't der hielendal neat mear kin, mar dat minsken de mooglikheid hâlde om it sa te dwaan as sy it wolle."
Op de measte plakken wurdt net mear sketten mei losse, hurde foarwerpen
© ANP
It tegearre wêzen is neffens Kramer it wichtichst by it karbidsjitten. "It giet benammen om mei-inoar de ein fan it jier te markearjen, gesellichheid te hawwen en byinoar te kommen."
Batema tinkt dat it karbidsjitten helpt om eksessen mei fjoerwurk foar te kommen.
"We soargje derfoar dat it hiele doarp belutsen is by it feest, elkenien komt mei. Dêrmei wolle we it doarp én de gemeente ûntlêste mei de jierwiksel."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.