Midsiuwske Fryske teksten - fûnemint fan modern Frysk - op wei nei ynternasjonale erkenning
Tresoar wol ynternasjonale erkenning foar 25 unike rjochtsboarnen út 'e Fryske skiednis. It Nederlânske UNESCO-komitee hat de oanfraach foar de Memory of the World-list yntsjinne.
It giet om midsiuwske Fryske manuskripten en drukken. Se lizze ferspraat oer Nederlân, Ingelân, Frankryk en Dútslân.
De teksten litte sjen hoe't mienskippen yn 'e midsiuwske Fryske kustgebieten gearwurken, mei ôfspraken oer wetter- en dykbehear.
Ferfolch op Richthofenkolleksje
Trije jier lyn waard de Richthofenkolleksje fan Tresoar opnommen yn it nije register Memory of the World fan UNESCO. Sûnt dy tiid wurket Tresoar deroan om alle Aldfryske rjochtsboarnen ynternasjonale erkenning te jaan.
"Se azemje de geast fan de wolbekende Fryske frijheid en wjerspegelje ûnôfhinklikheid, rjochtfeardigens en mienskipssin", skriuwt Tresoar.
Fierder litte de rjochtsteksten sjen dat der each wie foar de kwetsberen fan de mienskip, lykas widdowen en wezen.
"As fûnemint fan 'e moderne Fryske talen yn Nederlân en Dútslân, en ek fanwegen de Fryske ynfloed op it noardwestlike Nedersaksysk, binne se krúsjaal foar it behâld fan bedrige talen en kultueren by de Waadsee del."
Neffens Tresoar binne de boarnen seldsum en net te ferfangen. De stikken ha ûndersyk yn rjocht, taalwittenskip en midsiuwske stúdzjes beynfloede, neffens Tresoar.
Oer oardel jier komt it beslút fan UNESCO yn Parys.