Omrop Fryslân

Kultuertip: Anwar en de Wolf, in famyljefoarstelling fan Tryater

Tryater spilet yn de krystfakânsje Anwar en de Wolf
© Tryntsje Nauta
'In muzikale fertelling oer tinzen en grinzen', sa omskriuwt Tryater de foarstelling Anwar en de Wolf, dy't it teäterselskip bringt yn it eigen gebou yn Ljouwert. Kinst der dizze krystfakânsje hinne.
It wiene twa belangrike tema's by de Twadde Keamerferkiezingen fan oktober: flechtelingen en de wolf. Tryater kombinearret se yn de foarstelling 'Anwar en de Wolf'.
Net op in politike manier. "Wy kieze foar de minsklike kant", seit regisseur Tamara Schoppert. "Sûnder oardiel."
De foarstelling fertelt it ferhaal fan it jonkje Anwar, in flechteling dy't nei in swerftocht troch Europa yn in Frysk asylsikerssintrum pleatst wurdt.
As er dêr even ûntkomme wol oan de drokte komt er by in bosk in wolf tsjin. Dy wol him opite, mar troch him ôf te lieden mei spannende ferhalen ûntkomt Anwar dêroan.
In scene út de foarstelling Anwar en de Wolf fan Tryater
© Niels Knelis
Dy ferhalen gean oer syn thús, syn famylje en de reis dy't Anwar troch Europa ôflein hat. En dêrmei oer grinzen.
Grinzen dêr't flechtelingen letterlik tsjinoan rinne, mar dêr't in wolf gjin weet fan hat. "Grenzen, wat zijn dat, ik zie ze niet. Die zitten in het hoofd van mensen."

Meardere talen

As je it oer grinzen hawwe, dan hawwe je it ek oer ferskillende talen. Nick Renzo Garcia spilet Anwar en moat dy ferskillende talen brûke yn de foarstelling.
Foar in grut diel is dat it Nederlânsk, mar ek it Frysk en Arabysk komme bygelyks foarby.
Dat er neffens eigen sizzen "een mix van verschillende culturen" is helpt de akteur dêrby. Berne yn Nederlân hat er fia syn âlders Antiliaanske, Hongaarske en Frânske ynfloeden meikrigen.

Anwar en de Wolf

Akteur Nick Renco Garcia krijt yn de foarstelling help fan byldzjend keunstner Klaske Oenema en muzikant Harmen Ridderbos.
De foarstelling ('voor iedereen van 8 tot 108 jaar') is yn de krystfakânsje te sjen, yn it gebou fan Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert.
Mear ynformaasje oer de foarstelling, it râneprogramma en de kaartferkeap fynst op de webside fan Tryater.
"Ik heb eigenlijk het meeste geworsteld met het Fries", erkent er. Hy krige der help by, krekt as by it Arabysk. Dat lêste fan in ûnderfiningsdeskundige: in flechteling.
De ferskate talen hoege foar it publyk gjin probleem te wêzen, tinkt regisseur Tamara Schoppert. "Hoechst it net altyd ferstean te kinnen om it wol te begripen."

Skoalfoarstelling

Dat wie ek sa op de skoallen dêr't de foarstelling de ôfrûne tiid al spile waard. En oars holpen de bern yn it publyk inoar.
"Dan zag je een Friestalig jongetje aan een Arabisch jongetje vertellen wat er werd gezegd. En ook andersom", seit Nick Renzo Garcia. "Heel mooi om te zien. "
In scene út Anwar en de Wolf fan Tryater
© Niels Knelis
Dat de skoalfoarstelling no foar in breder publyk brocht wurdt, komt mei troch de positive reaksjes. Sjoen de ynhâld fan it ferhaal like de krysttiid Tryater der in goed momint foar.

Râneprogramma

Giest yn de krystfakânsje nei Anwar en de Wolf dan kinst mear ferwachtsje as allinne de foarstelling. Der wurde ek aktiviteiten omhinne organisearre.
Sa is der live-muzyk fan ûnder oare Arezoo en Amarins Woltring, kinst in workshop folgje oer it meitsjen fan animaasjes en wurde der gerjochten út ferskate lannen klear makke.
Regisseur Tamara Schoppert, hjir yn de foarstelling BINGO
© Omrop Fryslân
Yn de foyer fan it Tryatergebou wurdst ûntfong troch minsken mei ferskate eftergrûnen. Dy foyer is spesjaal foar de gelegenheid oanklaaid.
Nei de krystfakânsje wurdt de foarstelling opnij op skoallen brocht. Tamara Schoppert hopet dat er dêrnei ek troch oare teäterselskippen oppakt wurdt.
"Graach. It soe skande wêze as sa'n stik op de planke leit."

Mear aktiviteitetips

Anwar en de Wolf wie 29 novimber te gast yn Op en Ut. Dat programma jout alle sneonen fan 09.00-12.00 oere tips foar aktiviteiten.
Aktiviteitetips fynst ek yn ús kultueraginda en alle tongersdeis yn in artikel op ús webside en app.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.