Omrop Fryslân

Oerterpers fiele harren net heard oer opfang statushâlders: "Gemeente fergriemt 1,3 miljoen euro"

De Twirre yn Oerterp
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Yn Oerterp rint de spanning op oer de takomst fan de âlde skoalle De Twirre. Wylst de gemeente ynset op in tydlike trochstreamlokaasje foar statushâlders, hat de lokale partisipaasjegroep in folle breder takomstplan mei it gebou.
Mar nettsjinsteande moannen wurk, útwurke senario's en petearen mei omwenners, krijt de groep it gefoel dat har ideeën net goed troch de gemeente meinommen wurde.
"De gemeente hat himsels by de poat troch te sizzen: we smite 1,3 miljoen euro gewoan fuort oer seis jier tiid", seit Gerard Snoeck. Hy is ien fan de leden fan de partisipaasjegroep. Dy bestiet út omwenners fan de skoalle en belutsen doarpsbewenners.

In flugge ynterne ferbouwing

Sy hawwe trije senario's ûntwikkele foar de takomst fan De Twirre en dy aktyf ôfstimd mei minsken út de buert. It gebou soe neffens harren plak meitsje moatte foar in nij gebou dêr't statushâlders wenje kinne en oare Oerterpers. Dus gjin trochstreamlokaasje, mar in bettere kwaliteit fan wenjen en dêrtroch bettere yntegraasje.
De gemeente kiest foar in tuskenoplossing en advisearret de ried om te kiezen foar in flugge ynterne ferbouwing fan it ferâldere pân. Dêrmei komme der tolve apparteminten, de helte foar statushâlders dy't fan dêr út trochstreame nei oare wenten. En seis apparteminten foar wenningsikers út de buert dy't der maksimaal seis jier wenje kinne.
Johannes Blom, bewenner fan Oerterp
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Foar de partisipaasjegroep fielt dat as in tydlik lapmiddel, net as in serieuze ynvestearring yn de takomst fan it doarp.

Flekswenten as alternatyf?

"Wêrom dogge je de nijbou net gelyk? It kin wol flotter, fan de buorlju hawwe wy allegear al hântekenings. En sy ha gjin beswier as der nijbou komt. Yn ús eagen soe it hiel rap kinne", seit bewenner Johannes Blom. Hy doelt hjirby ek op de mooglikheid ta flekswenten.
"Foar itselde bedrach kinne der fjirtich flekswenningen delsetten wurde en dy kinne der fyftjin of miskien wol tritich jier stean. Dan hast foar de gemeente in plus en foar de mienskip in plus", seit Snoeck. Se ha dit as partisipaasjegroep by oannimmers berekkenje litten.
Gerard Snoeck, bewenner fan Oerterp
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De gemeente Opsterlân seit in it riedsfoarstel dat it slopen fan it gebou en bouwen fan flekswenten gjin koarte-termynoplossing foar de opfang fan statushâlders yn de folle AZC's biede kin. En dêrfoar moat de gemeente noch in gruttere ynvestearring dwaan.

Undersyk

Blom snapt dêr hielendal neat fan. Neffens him kin dat yn oare gemeenten wol hiel rap en seit dat Opsterlân neat ûndersocht hat. Snoeck sjocht dat ek.

De gemeente wol rap helpe by de trochstream fan statushâlders

Yn in offisjele reaksje seit de gemeente Opsterlân dat se seker goed sjoen ha nei de plannen fan de partisipaasjegroep.
"Zowel de participatiegroep als de gemeente willen woningbouw op de locatie van de Twirre. Woningbouw is in Nederland op dit moment complex door onder andere procedures, ecologische onderzoeken en stroomtekort."
"Uit ervaring weten we dat dat niet gaat lukken in 2 jaar. In Nederland kost het gemiddeld 10 jaar om een woningbouwplan gerealiseerd te krijgen. Dat doen we in Opsterland in de praktijk sneller."
"Op de locatie van de Twirre dus zes jaar en in die zes jaar kan de Twirre nu als doorstroomlocatie gebruik worden. Op die manier kunnen we een bijdrage leveren aan het complexe asielvraagstuk."
"Se komme mei allegear drompels fan: we kinne gjin stroom garandearje. Doe ha we de fraach stelt: Ha jim dat ûndersocht?, seit Snoeck. "En dan krije we in antwurd werom: 'Nou, dat denken we niet'." Dat moatte se dochs just ûndersykje fynt er.
Henk Posthumus, bewenner fan Oerterp
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De partisipaasjegroep beklammet dat se absolút net tsjin statushâlders binne, mar foar in oplossing dy't stabiliteit en takomstperspektyf jout oan Oerterp. En dêr past in trochstreamlokaasje net by, seit Blom.
"Se binne hjir miskien mar trije moannen en dan binne se wer fuort. Dus yntegraasje sil hjir net barre."

Feilichheid

Neffens bewenner Henk Posthumus komt dat de feilichheid yn de buert ek ta goede. Yn de omkriten fan it gebou is der op dit stuit wat oerlêst fan jongerein út it doarp en mei tydlike statushâlders dêrby pakt dat net goed út, tinkt er.
"En hoe moai soe it wêze dat minsken út it eigen doarp dêr wenje kinne foar in langere tiid en de statushâlders wol meinimme wolle yn de totale yntegraasje yn it doarp. Dat soe dochs prachtich wêze?"
Ynwenners meie op moandeitejûn ynsprekke yn de gemeenteried.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.