Omrop Fryslân

Foppe Fonds bestiet 20 jier: "Op 'e wrâld om inoar te helpen"

Foppe de Haan
© ANP
It Foppe Fonds bestiet 20 jier. It fûns soarget derfoar dat bern en jongeren mei in beheining sporte en bewege kinne.
Op in feestlike jûn waard derby stilstien dat it fûns de ôfrûne 20 jier soarge hat dat in soad jongeren út harren isolemint kamen.
Der binne sels in pear talintfolle sporters trochstreamd nei de wrâldtop. Allegear mei tank oan it fûns en syn nammejouwer.
20 Jier Foppe Fonds
Tink allinnich mar oan Alyda Norbruis. De âld-hurdfytster waard ûnder oare paralympysk kampioen en ferskate kearen wrâldkampioen. Dat wie net slagge sûnder it fûns, tinkt se sels.
"It Foppe Fonds soarge derfoar dat ik myn dream neijage koe, sûnder my soargen te meitsjen oer de rest."
Rixt van der Horst en Alyda Norbruis
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Of wat te tinken fan paralympysk dressueramazone Rixt van der Horst. Mei finansjele stipe koe se har hynder Uniek oanskaffe. Tegearre waarden se ûnder oare twa kear wrâldkampioen. Ek Van der Horst seit dat se sûnder dy stipe de top nea helle hie.
Beide froulju binne dan ek grutske ambassadeurs fan it Foppe Fonds.

Gerald Sibon

De ambassadeurs binne net allegear suksesfolle paralympyske atleten. Ek jongeren mei in beheining dy't net op heech nivo sporte binne ambassadeur. Lykas Ymkje Ytsma fan Ljouwert. Sy fynt it fan grut belang dat alle jongeren mei in beheining de mooglikheid krije om te bewegen.
Dy kâns hat se sels ek krigen en dat soarget derfoar dat se mei passy har ferhaal oan de bûtenwrâld fertelt.
Fierder is ek âld-proffuotballer Gerald Sibon ambassadeur. Hy giet geregeld de boer op om, tegearre mei syn dochter Lola, te fertellen oer Foppe en wat it Foppe Fonds allegear docht en foar inoar krijt.
Foppe de Haan (rjochts) en Henk Gemser (links) wiene der beide by
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It grutte sukses fan it Foppe Fonds hie der lykwols hast net west. Want doe't it idee tweintich jier lyn oppere waard, wie de âld-trainer fan sc Hearrenfean en Jong Oranje hielendal net sa entûsjast.
It like him in soad gedoch ta. Boppedat woe hy wat mear yn 'e lijte libje.

Rolstuollen foar Reduzum

De omslach kaam doe't hy de kâns krige om twa jonkjes yn Reduzum te helpen. Sy hiene de sykte fan Duchenne, in earnstige spiersykte, mar woenen dochs graach oan sport dwaan. Mei help fan ûnder oare Foppe kamen der twa prachtige rolstuollen.
Doe't hy seach hoe't de jonkjes genoaten, en hoe't se mei wille troch it doarp giene, wie hy om. "Dat wie fantastysk. Se crossten it hiele doarp troch."
Der binne geweldige inisjativen, mar sûnder stipe rêde sy it net.
Foppe de Haan oer de takomst fan it Foppe Fonds
Ek op Lyndestein yn Beetstersweach, wêr't de jonges op skoalle sieten, fûlen de rolstuollen op. Elkenien dêr woe der wol ien ha. Sa ûntstie it projekt om hûndert rolstuollen by inoar te krijen.

Fan it ien kaam it oar

Sa gie it baltsje rôljen. Lang ferhaal koart, it soarge úteinlik foar de oprjochting fan it Foppe Fonds.
De Haan hie yn it begjin gjin idee wêr't hy oan begûn wie. It wie in hiele nije wrâld foar him. "Ik hie der gjin weet fan. Wat gebeurt hjir tocht ik."
Troch de jierren hinne krige hy hieltyd mear respekt foar it trochsettingsfermogen fan de jongeren dy't hy stypje koe.
Rixt van der Horst mei har hynder Fonq
© Omrop Fryslân
Yntusken it fûns útgroeid ta in grutte spiler yn it foarsjen fan fasiliteiten foar jongeren mei in beheining. It is in organisaasje wurden mei sponsors, freonen en ambassadeurs.
Op de feestlike jûn om it 20-jierrich bestean te fieren wie ien fan de konklúzjes dat it fûns ek de kommende 20 jier noch hurd nedich is. "Der binne geweldige inisjativen, mar sûnder stipe rêde sy it net," sa tinkt Foppe sels.
"We dogge fan alles. mei it fûns. Fan tilliften oant ynklusive boarterstunen. It is sa wichtich dat dizze jongeren bewege kinne."

Grutsk

Dat syn namme al al tweintich oan it fûns ferbûn is? Foppe de Haan is der tige grutsk op.
Of sa't hy it sels seit: "We binne op de wrâld om mekoar te helpen. As je soarch ha foar inoar dan kreëarje je mei inoar in oare wrâld."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.