Omrop Fryslân

Wurdt it Limboarchsk lykas it Frysk in Rykstaal? Fryslân stipet Limboarchske ambysje

Arno Brok en Emile Roemer
© ANP / Arie Bruinsma
Fryske politisy stypje de provinsje Limboarch om de Limboarchske taal oan de selde status te helpen as it Frysk. Dat soe betsjutte Limboarch op skoalle, nijs yn it Limboarchsk op L1 en de mooglikheid om Limboarchsk te praten yn de rjochtbank.
Om dy stipe krêft by te setten, bringt in grutte delegaasje fan Provinsjale Steaten tongersdei foar it earst in besite oan it provinsjehûs fan Maastricht ûnder lieding fan Kommissaris fan de Kening Arno Brok. De Fryske delegaasje wurdt offisjeel ûntfongen troch gûverneur Emile Roemer.
Foardat it Limboarchsk, njonken it Nederlânsk, in offisjele taal wurdt yn dy provinsje, moat it foldwaan oan 35 ûnderdielen fan Haadstik 3 fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
De provinsje Limboarch tinkt dat it helber is om fan it Limboarchsk, lykas it Frysk, in Rykstaal te meitsjen. Dy offisjele status soe, as it heal kin, yn 2030 in feit wêze moatte. Der is wol meiwurking en tastimming foar nedich fan de Ryksoerheid yn Den Haag.
Emile Roemer is gûverneur, mei oare wurden kommissaris fan de Kening yn Limboarch
© ANP
De provinsje Limboarch moat sels de earste stappen sette om it Limboarchsk fan regionale taal te befoarderjen ta Rykstaal. De streektaal hat by de Limboargers thús en op it karnaval in sterke posysje, mar yn formele rûnten wurdt gau oerstapt op Nederlânsk mei in sêfte g.
Boppedat hat it Limboarchsk gjin standerttaal; it Limboarchsk fan Venlo klinkt oars as dat fan Maastricht, en sprekkers fan it Ripuarisch fan Kerkrade wurde yn it noarden fan Limboarch mar amper ferstien.
De provinsje tinkt dat de taal mei eltse nije generaasje sprekkers ferliest en wol dêrom mear wurk meitsje fan taalbefoardering.
Dit affysje ropt âlders op om Limboarchsk mei de bern 'te kallen'
© L1
It nijs dat it Ryk miljoenen euro's stipe jout oan it Frysk, yn it ramt fan it lêste Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer, wie yn de maitiid fan ferline jier foar de provinsje Limboarch oanlieding om yn de simmer fan dat jier nei Ljouwert te reizgjen foar besites oan Provinsjale Steaten en de Afûk.

Yn de eigen taal polityk bedriuwe

Ien fan de earste fragen dy't de Limboargers yn Ljouwert krigen wie: "Waarom vergaderen jullie niet in eigen taal?"
Op it antwurd dat Limboarchsk prate yn de Steaten net mei, wie de Fryske reaksje "probeer het maar eens, zoek de grenzen maar op!"
De Steateseal fan de provinsje Limboarch
© ANP
Dat barde ek. Nei Frysk foarbyld fergaderen Provinsjale Steaten fan Limboarch yn desimber 2024 foar it earst yn it Limboarchsk oer it beliedsplan 'Same veur 't Limburgs', dat unanym oannommen waard.
Der wiene wol twa tolken by om alles dat yn it Limboarchsk sein waard oer te setten yn it Nederlânsk, want in gearkomste yn in net-offisjele taal is net rjochtsjildich.
De provinsje Limboarch stelt no elk jier 1,1 miljoen euro beskikber om de taal te stimulearjen yn de berne-opfang, it ûnderwiis, by it karnaval en yn it Hoes veur 't Limburgs yn Roermond.
De Steaten fan Limboarch wolle tenei elts jier ien kear yn it Limboarchsk fergaderje. Dat jout it ferskil mei Fryslân goed oan, want de Frysktalige leden fan Provinsjale Steaten dogge dat it hiele jier troch.
Wy kinne der in soad oan hawwe as ek oare provinsjes opkomme foar de eigen taal. Je kinne inoar fersterkje
Deputearre Eke Folkerts
Deputearre Steaten fan Fryslân binne solidêr mei de Limboarchske taalplannen, seit deputearre Eke Folkerts. "It is moai om te sjen dat Limboarch no de earste stappen set."
De Fryske deputearre stipet de Limboarchske strategy om earst sels in oantal stappen te setten, foardat by de Ryksoerheid de oanfraach dien wurdt om de taal te erkennen yn haadstik trije fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen.
"As je de taal offisjeel meitsje wolle, dan moatte je ek as provinsje stevich ynvestearje. It is net samar klear."
Deputearre Eke Folkerts
© Omrop Fryslân
Dat Fryslân yn 'e takomst mooglik net mear de iennichste provinsje wêze sil mei in eigen 'twadde Rykstaal' sjocht Folkerts net as in probleem. "Fryslân mei dan foarop rinne, wy kinne der ek in soad oan hawwe as ek oare regio's opkomme foar de eigen taal. Je kinne inoar fersterkje."
"It Limboarchsk is in prachtige taal en fertsjinnet it om heard en sjoen te wurden."

Krityske beoardieling

It entûsjasme foar it Limboarchsk op it gûvernemint op dit stuit is noch gjin garânsje dat de taal ek ko-offisjeel wurdt, lykas it Frysk yn Fryslân.
Nederlân is wend om by in oanfraach foar it befoarderjen fan in regionale taal ta offisjele taal de Taalunie om advys te freegjen. De Taalunie sjocht yn 'e regel hiel kritysk nei sokke oanfragen.

Grut taalgebiet

In oare komplikaasje is dat it Limboarchske taalgebiet in stik grutter is as de provinsje Limboarch yn Nederlân. Yn Belgysk Limburg bestiet gjin taalbelied foar it Limboarchsk.
Boppedat is erkenning foar it Limboarchsk yn België ûnwierskynlik. België hat it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen nea ûndertekene, omdat soks de posysje fan it Nederlânsk tsjinoer it Frânsk yn Brussel en Walloanië ferswakje soe.
De provinsje Limboarg bliuwt bûten dy diskusje en bekroadet him allinnich om it Limboarchsk binnen de eigen provinsjegrinzen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.