Omrop Fryslân

Dantumadiel negearre jierrenlang warskôgingen oer privacyregels

Gemeente Dantumadiel
© RTV NOF, Ben de Jager
De gemeente Dantumadiel hat op 'e nij persoanlike gegevens fan ynwenners lekt. In amtner ferstjoerde ferline wike in e-mail oer in wenningbouprojekt, wêrby't de e-mailadressen fan alle 108 adressearren foar elkenien sichtber wiene.
Hoewol't dat in minsklike flater liket, docht út ynterne stikken bliken dat de gemeente it privacybelied struktureel net op oarder hat.

Warskôgingen negearre

De eigen Funksjonaris Gegevensbeskerming sloech de ôfrûne jierren meardere kearen alarm foar tekoartkommingen. Sa hie Dantumadiel oant dit jier gjin ferwurkingsregister, in oersjoch mei persoansgegevens dy't de gemeente ferwurket. Dat wylst de AVG dat sûnt 2018 ferplichtet.
Pas yn desimber ferline jier besleat it kolleezje dat dat register der komme moast. De gemeente lit yn in reaksje witte dat it register der no is, mar dat it noch net folslein is.
Dantumadiel hat dêrmei gjin kompleet oersjoch fan de gegevens fan boargers en bedriuwen dy't it ferwurket.

"Dit kun je echt niet maken"

Bits of Freedom, de organisaasje dy't opkomt foar digitale rjochten, reagearret skerp. "Dit kun je echt niet maken. Het verwerkingsregister hadden ze echt al 10 keer geregeld moeten hebben", seit Nadia Benaissa.
Omdat de gefolgen fan in datalek yngripend wêze kinne, soe de beskerming de heechste prioriteit krije moatte. "Stel je voor dat een kind met een depressie kampt, en zijn dossier lekt waardoor alle klasgenoten kunnen meelezen. Dat kan mensen echt tot wanhoop drijven."
Der is boppedat it risiko dat gefoelige data yn hannen fan kriminelen bedarje. "Het minste wat overheden kunnen doen is zich houden aan de wet."

'Slachter keurt eigen fleis'

In wichtich kritykpunt yn de ynterne stikken is de bewuste kar fan de gemeente om gjin aparte privacy officer oan te stellen.
Taken lykas it melden fan datalekken wurde by Dantumadiel no ûnderbrocht by oare amtners. De Funksjonaris Gegevensbeskerming warskôget dat deselde persoanen hjirtroch sawol útfiering as tafersjoch dogge: "Een slager die zijn eigen vlees keurt."
Yn in mail wiene de e-mailadressen fan 108 ynteressearren sichtber yn it adresfjild
© Omrop Fryslân
Dantumadiel komt yntusken werom op dat beslút. Neffens in wurdfierder is ôfrûne wike in fakatuere foar in privacy officer útset.

Skoare swier ûnfoldwaande

Dat de basis noch net op oarder is, jout de gemeente sels ek ta. De ynterne skoare foar gegevensbeskerming wie ein 2024 in 0,9 op in skaal fan 5.
Neffens Dantumadiel komt dy lege skoare troch de ûntflechting fan Noardeast-Fryslân; oant dy tiid lifte de gemeente mei op de organisaasje fan de buorgemeente.
Bits of Freedom neamt de skoare "ekstreem leech", fanwegen it feit dat de AVG al 7 jier jildt.
Dantumadiel ferwachtet dat by de folgjende mjitting, begjin takom jier, de skoare "oansjenlik ferbettere" wêze sil troch de maatregels dy't yn 2025 trochfierd binne.

Patroan fan ynsidinten

It resinte lek mei de 108 e-mailadressen stiet net op himsels, docht bliken út meldingen fan de gemeente oan de Autoriteit Persoonsgegevens en de jierferslaggen fan de Funksjonaris Gegevensbeskerming.
Yn 2021 bedarre in fertroulik dossier fan Jeugd & Gezin (ferantwurdlik foar de soarch en stipe fan kwetsbere bern en húshâldingen) op húsnûmer 17 yn stee fan 117 troch in 'minsklike flater' fan de gemeente.
Yn desimber 2023 rekken twa sluven mei ynlochgegevens kwyt. Yn 2024 bedarre in Wmo-ferslach mei medyske gegevens by de ferkearde persoan, en yn maaie fan dit jier ûnderskepte Omrop Fryslân 36 e-mails dy't eins foar de gemeente bedoeld wiene.

Reaksje gemeente Dantumadiel

"Wij benadrukken dat de gemeente een organisatie is die altijd in ontwikkeling is. Op het gebied van privacy en gegevensbescherming zijn concrete stappen gezet. Voorbeeld hiervan is de formatie-uitbreiding met een Privacy Officer. Alles met als doel om de volwassenheid te vergroten en de structuur verder te versterken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.