Omrop Fryslân

Reahart yn de achtertún: grutste sûchbist komt tichtby yn Easterwâlde

Dit reahart (edelhert) stie by Harry Oosterman tsjin de achtertún
© Omrop Fryslân
Hy lit 'm net faak sjen, mar no komt er wol hiel tichtby: in reahart stie by Harry Oosterman yn Easterwâlde yn de achtertún.
Foar it bist, yn it Nederlânsk in 'edelhert', moatte je gewoanwei nei de Feluwe ta. Ek yn Noard-Brabân en Limboarch kinst it grutste sûchbist fan Nederlân tsjin it liif rinne.
Hiel út en troch komt der ek ien yn Fryslân. De ôfrûne wiken waard al ien spot by Appelskea en Ravenswâld, mar sa tichtby as no kaam er noch net.
In reahart yn de achtertún
"Ik ha der sels totaal gjin doel oer, ik tocht earst dat it in deim wie", seit Oosterman, âld-boargemaster fan Eaststellingwerf.
Syn frou hie wol troch dat it om in reahart gie. "Sy wit der mear fan, en dy sei fuort al dat dit ien wie."
It reahart jout neat om in hûn
© Omrop Fryslân
Doe't Oosterman mei syn hûn nei bûten ta gie om by it reahart te sjen, foel op hoe nuet oft it bist wie. De hûn blaft, mar it reahart jout der neat om.
Dêrnei stjoerde Oosterman syn bylden troch oan saakkundigen yn de Fryske wolvekommisje, dêr't Oosterman sels foarsitter fan is, en dy befêstigen de lêzing fan syn frou: dit is yndie in reahart.
Harry Oosterman
© Omrop Fryslân
En dat dat spesjaal is, befêstiget sûchbistsaakkundige Harrie Bosma. "Prachtich moai, hiel bysûnder."

Hâld in bytsje ôfstân

It Drents-Friese Wold, flakby Easterwâlde, is in tige geskikt gebiet foar sokke bisten. "Sa'n geweldich grut en oaniensletten natuergebiet mei bosk, dat lient him hiel goed foar reaharten. It iten leit se hjir foar de bek."
Earder binne alris twa sjoen yn Diepenveen, flak oer de provinsjegrins yn Drinte. De kâns is grut dat it reahart yn Easterwâlde ien fan de twa is dy't earder dêr sjoen binne.
Bosma jout noch wol in tip: hâld in bytsje ôfstân. It binne grutte bisten, sa'n 200 kilo swier. Ast se rekkest op de dyk, "dan gebeurt der wol wat".

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.