Omrop Fryslân

Emoasjes by betinking skipsramp by Skylge: "Je voelt het op het Wad nog meer"

Betinking fan de bemanning 'Terschelling en Vlie No. 2' op it waad
© Omrop Fryslan
Hûndert jier nei de ferdwining fan 'e loadsskoener foar de kust fan Skylge en Flylân is in plakette ûntbleate ta neitins fan 'e seeramp. "Een bijzondere dag", neamt inisjatyfnimmer Richard Gorter de betinking.
Sa'n hûndert minsken gienen mei de seesleepboat Holland út Harns mei foar de betinking en de ûntbleating fan 'e plakette ta neitins fan de seeramp op 25 novimber 1925.

Unferwachte stoarm

De loadsskoener 'Terschelling en Vlie No. 2', in boat dy't skippen nei de haven begeliedt, kaam doe foar de kust fan Skylge en Flylân yn 'e problemen.
Oerdei wiisde neat derop dat it stoarmje soe, mar it waar sloech yn 'e rin fan 'e jûn om.
Het leeft enorm op Terschelling.
Inisjatyfnimmer Richard Gorter oer de betinking fan de seeramp
In grutte stoarm ûntstie en de boat rekke nei alle gedachten oan 'e grûn en sloech dêrnei om.
De folsleine bemanning, trettjin mannen, kaam om it libben.
"Het leeft enorm op Terschelling", seit Gorter oer de ramp.
Inisjatyfnimmer Richard Gorter
© Omrop Fryslan
Syn âldomke en twa oantroude famyljeleden wienen oan board fan de 'Terschelling en Vlie No. 2'.
"De mensen die 100 jaar geleden zijn omgekomen bij dit vreselijke drama, worden eindelijk herdacht."

Dramatyske konsekwinsjes

It wrak waard nea weromfûn. Trije lichems spielden letter oan op It Amelân, De Kalkman en moannen letter op Teksel.
Gorter: "Het gaat niet alleen om het verdwijnen en het verdrinken van de bemanningsleden, maar ook om de dramatische consequenties die het had voor de nabestaanden."
Omdat foar tsien manlju gjin akte fan ferstjerren fêststeld wurde koe, krigen in soad widdo's gjin pensjoen en bleaune húshâldingen earm efter.
De plakette
© Omrop Fryslan
Tiisdei waard in betinking holden op it Waad en is in bliuwend monumint ûntbleate.
Goed fyftich neibesteanden wienen mei op it skip foar de betinking, dy't holden waard op it plak dêr't it skip ferdwûn.
Doety de Boer wie ien fan 'e neibesteanden dy't oanwêzich wie by de betinking foar har pake Wytze Strikwerda.
Emoasjes by betinking skipsramp by Skylge
"Het is heel ontroerend om dit mee te maken, ik sta hier ook voor mijn moeder en beppe", seit se. "Je voelt het hier op het Wad nog meer."
Har pake, de heit fan har mem, kaam op 34-jierrige leeftiid om it libben by de ramp. Ek jierren letter gie it noch in soad oer 'pake Wytze'.
"Mijn moeder was twee toen het gebeurde, ze had nog een broer van vijf", fertelt De Boer. "Ze zijn na zijn dood teruggegaan naar Sneek, maar altijd als we bij haar kwamen ging het over haar man."
Doety de Boer
© Omrop Fryslan
Fyftich jier lyn waarden al ris plannen makke foar in betinking, mar dat gie doe net troch.
Foar it plan fan Gorter, dy't sels tritich jier wurke as loads en no foarsitter is fan de Loodsensociëteit Noord, wie no in soad stipe.
"De belangstelling is enorm. Het is fantastisch dat er zoveel waardering is bij mensen die hun voorouders van twee of drie generaties geleden willen herdenken", seit Gorter.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.