Iuwenâlde alterstien dy't ea tsjinne as urinoir werom yn Langsweagen: "Hij is schoongemaakt"
It is al brûkt as in alterstien, in drompel en sels as in muorke yn in urinoir. No komt de stien út 'e tolfde iuw werom op syn plak yn 'e tsjerke fan Langsweagen.
"Hij past wel mooi in het interieur", seit dûmny Frans Willem Verbaas as de stien hast op syn plak leit. In oantal doarpsbewenners hat in tafel op maat makke om de stien in moai plak te jaan.
Foar in diel sels mei in 3d-printer. "Het is een bijzondere dag, het doet me een beetje denken aan de thuiskomst van de verloren zoon, een bekend bijbelverhaal."
De stien hat in reis makke út it depot fan it Fries Museum wei. Jimmie de Haan, ûndernimmer yn grêfûnderhâld, wit alles fan stiennen en mocht it objekt foarsichtich ferfiere.
"In stien is in stien, mar je moatte wol wat kennis ha fan de stiennen. Dit is wol hiel bysûnder, it is in hiel oare wize fan wurkjen, ek omdat de media derby is no", seit De Haan.
Urinoir en drompel
Lange tiid hat de stien in alter west yn in katolike kapel. Nei de reformaasje om 1600 hinne, waard er fuorthelle en brûkt as drompelstien, dêrnei hat it sels in soarte fan skiedingswand west fan in urinoir achter de tsjerke.
Toen dacht ik: die is van ons! Roofkunst. Die moet terug.
"Dat is een beetje schandalig, vinden wij nu. In de vorige eeuw viel dat iemand op bij een restauratie", seit dûmny Verbaas. Doe is er nei it museum gien. "En daar is er goed op gepast. En hij is schoongemaakt", grapket Verbaas. "Ik heb even geroken, en hij ruikt heerlijk fris."
"Roofkunst"
Dûmny Verbaas kaam de stien op it spoar doe't er by in tentoanstelling yn it Fries Museum wie. "Ik was hier toen net dominee geworden en dacht: ik ga ernaartoe om iets van de Friese geschiedenis te leren."
"Toen stond ik bij een vitrine en zag daar deze altaarsteen uit Langezwaag. Toen dacht ik: die is van ons! Roofkunst. Die moet terug."
Dat giet lykwols net samar. Nei in telefoantsje mei it museum wie it antwurd: nee. Mar der wiene wol mooglikheden om de stien as brûklien te krijen.
Oardel jier hawwe de tsjerke en it doarp dêrmei dwaande west. De stien moat fersekere, it museum moat wis wêze dat it in goed plak krijt, it ferfier moat goed wêze, en der komt in protte papierwurk by sjen.
Gjin ferline tiid mear
Moandei wie dan de dei dat er lang om let mei in grutte stellaazje hiel foarsichtich op syn plak takele waard. Dat wie noch spannend, seit De Haan. "Je witte net oft it krekt past. Je dogge it mei de gegevens en foto's dy't je krigen hawwe, mar it moat ek útkomme. Dat gong no hiel moai."
"Het raakt me wel dat die oude steen in ere wordt hersteld", seit dûmny Verbaas as er wer teplak leit. "Als iets in een museum terechtkomt, is het verleden tijd, en dat wil je niet zijn als kerk. Nu gaan we in onze tijd weer gebruik maken van de steen."
Glêsplaat tsjin de kofje
No tsjinnet it as liturgytafel, wol mei in glêsplaat derboppe foar de beskerming, want mocht in kear in kopke kofje omfalle, dan soe dat hiel rap yn it sânstien lûke.
De alterstien komt werom yn Langsweagen
It weromkommen fan de stien is reden foar in feestje dit wykein. "We gaan hier zondag het avondmaal vieren zoals dat 800 jaar geleden ook gebeurde, hoe mooi is dat?", seit Verbaas.
En wat no as de leadswiere tafel in kear oan de kant moat? Dêr hat in doarpsbewenner wat op betocht. Mei in hydraulysk systeem kin de tafel ferpleatst wurde.