Part fan de FNP kritysk op ferkiezingsaventoer: “Weismiten jild”
De Fryske Nasjonale Partij (FNP) docht - as it oan it partijbestjoer leit - net wer mei oan Twadde Keamerferkiezingen.
Foarsitter Jan Arendz sei dat freedtejûn yn Jirnsum op de ledegearkomste oer de ferkiezingskampanje.
Dy kampanje waard gjin sukses, want de FNP krige net mear as goed 9.000 stimmen, wylst der sa'n 70.000 nedich binne foar in sit yn de keamer.
De FNP naam pas ein augustus it beslút om foar it earst yn de skiednis selstannich ûnder de namme FNP mei te dwaan oan ferkiezingen foar de Twadde Keamer.
Neffens foarsitter Jan Arendz is dat beslút - achterôf sjoen - te let nommen. It wie noch mar twa moannen foar de ferkiezingen.
Boppedat makken neffens Arendz in soad Fryske kiezers dy't foar de provinsje en de gemeente op de FNP stimme by de Keamerferkiezingen in oare kar.
"In soad minsken stimden strategysk foar in stabyl kabinet en kamen út by partijen as CDA en D66. As lytse partij komme je der mar dreech tusken."
As regionale partij út Fryslân wei hiel Nederlân bestrike dogge je net samar. Wy hawwe dat ûnderskat.
In spesjale evaluaasjekommisje hat de ôfrûne wiken ûndersocht wêrom't de FNP-kampanje net suksesfol wie.
Oare tema's as 'de regio'
Neffens Theun Wiersma fan dy kommisje spruts it FNP-tema 'partij foar de regio' ûnfoldwaande oan by de kiezers.
Boppedat wie de partij-organisaasje net klear foar in lanlike ferkiezingskampanje.
"As regionale partij út Fryslân wei hiel Nederlân bestrike dogge je net samar. Wy hawwe dat ûnderskat", is Wiersma syn konklúzje.
"De partij-organisaasje wie der net klear foar en de kampanje gie oer oare tema's as 'de regio'."
Ut de evaluaasje-enkête docht bliken dat ek de leden fan de partij kritysk binne oer it politike aventoer.
Neffens 40 persint fan de leden wie de 228.000 euro dy't de lanlike kampanje koste hat 'weismiten jild'.
Nochris 10 persint hie leaver sjoen dat dit jild beskikber steld wie foar de kommende riedsferkiezingen.
Positive kant
Wiersma sjocht lykwols ek pluspunten.
"It oantal leden is groeid en de partij is folle aktiver wurden op de sosjale media. Dêr kinne wy mei de kommende riedsferkiezingen ús foardiel mei dwaan."