Kompakte binnenstêden as oplossing tsjin de leechstân: "In een kleine straal winkelen"
De sintra fan binnenstêden moatte kompakter en leuker wurde. Dat is hoe't stêden noflik bliuwe foar bewenners en besikers en tagelyk oantreklik foar ûndernimmers.
"Jarenlang zijn stadscentra uitgebreid met nieuwe winkelcentra tegen het kerncentrum aan", seit Bauke Wierda. "We moeten terug naar compactere winkelgebieden."
Wierda is fêstgoedadviseur bedriuwshúsfêsting by Lamberink Makelaars & Adviseurs. Syn wurkgebiet is hiel Noard-Nederlân.
Al mei al is er foarsichtich posityf oer hoe't it giet mei de winkelsintra. Der is wol leechstân, mar net sa'n soad as hoe't it west hat. "De leegstand is niet zodanig dat het elk stadscentrum onaantrekkelijk maakt momenteel."
"De trend is daarom positief: er worden steeds meer panden verhuurd en verkocht."
Leechstân op it Saailân
Dochs hat er wol punten fan krityk. Plakken moatte winkels mear kompakt yn it sintrum byelkoar sjen te bringen. As winkels yn de strjitten om it sintrum hinne ferdwine, dan kin dêr wenromte fan makke wurde.
"Gemeentes moeten dan wel zorgen dat het goede woningen zijn, dat je fijn kunt wonen op die plekken. De aanloopstraten naar een winkelcentrum moeten fijn blijven. Dat kan beter met goede woningen dan met leegstaande winkelpanden."
De leechstân dy't der is, sjocht Wierda ûnder oare op en om it Saailân yn Ljouwert. En dat giet net om de lytste gebouwen.
"Daar wordt behoorlijk wat aangeboden momenteel: panden van 1.800, 600, 230 en 192 vierkante meter onder andere."
Mar dat is leechstân dêr't er him gjin soargen oer makket. Problematysk is it pas as gebouwen langere tiid leech steane.
"Langdurende leegstand zorgt ervoor dat winkelstraten minder interessant worden. Als je door een straat loopt met zes lege panden en drie winkels met matige openingstijden, dan blijf je volgende keer weg."
Mar dat falt yn plakken as Ljouwert ta. En leechstân hielendal tsjingean, dat slagget net. "Soms kan een leegstaand gebouw ook betekenen dat een ondernemer is gegroeid en is verhuisd naar een groter pand."
Yn totaal wurde op it stuit sa'n tritich winkelpannen oanbean yn Ljouwert, yn en bûten it sintrum. "Dat is voor een stad als Leeuwarden niet schrikbarend. Bovendien wordt er volop gereageerd op het aanbod, er is continu animo."
It rapport fan de NVM sjocht nei de winkelsintra fan Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean. Yn al dy plakken leit de leechstân tusken de 10 en 12 prosint.
En it iene leechsteande gebou is dus oars as it oare. Op It Hearrenfean giet it bygelyks om alve pannen dy't in nije eigener sykje, mar dy lizze lang net allegear yn de binnenstêd. En yn Snits steane gebouwen hiel koart leech, ferlike mei oare plakken.
Minder winkels kin it sintrum better meitsje
Om derfoar te soargjen dat de leechstân op lange termyn gjin probleem wurdt, liket it derop dat it tal winkels werom moat: krimp dus. Yn de ôfrûne fiif jier is it tal winkels yn de fjouwer Fryske plakken mei 6 à 11 prosint minder weromrûn.
Yn hiel Nederlân ferdwine gemiddeld 2.500 ferkeappunten yn in jier. Dat komt troch feroarjend keapgedrach en de groei fan it online winkeljen. Boppedat binne in soad ûndernimmers yn de problemen kaam troch coronaskulden en oprinnende kosten.
Dêrnjonken slagget it guon winkels net mear om de konkurrinsje foar te bliuwen, mei Blokker as bekendste foarbyld.
Er moeten er geen drie van op een rij zitten.
Op in protte plakken binne dy ferkeappunten omtsjoend ta wenromte of kantoaren. "Dat draagt bij aan het compacter maken van stadskernen", seit Wierda. En dat is krekt wat neffens him nedich is: dat winkels byinoar yn 'e buert sitte.
"Als je dan een middagje gaat winkelen, kun je dat in een kleinere straal doen. Dan heb je niet allemaal winkels op een uitgestrekte oppervlakte met allerlei andere panden ertussen."
Balâns en trends
Mar dan wol mei in goede ôfwikseling, warskôget er. "Je ziet nu overal kapsalons, barbershops en beauty- en wellnesszaken uit de grond schieten. Dat heeft zeker zijn bestaansrecht, maar er moeten er geen drie van op een rij zitten."
In oare trend dy't Wierda sjocht, is dat winkels dy't oait online begûn binne no hieltyd faker werom te finen binne yn winkelstrjitten. In foarbyld is My Jewellery, dat sûnt koart yn Ljouwert te finen is.
Noch ferneamder is Coolblue. "Dat is van origine een online platform dat nu fysieke winkels opent."