Aldste kommunist fan Fryslân moat nei mear as 55 jier de polityk loslitte
Nei mear as 55 jier as riedslid hâldt Rinze Visser (86) der mei op. By de gemeenteriedsferkiezingen fan maart takom jier stiet hy net mear op de list.
"Ik hoopje takom moanne noch 87 te wurden, mar ik bin behoarlik siik. Ik ha al in hiel skoft COPD en dat wurdt allinnich mar slimmer. Dêr sil ik oan dea gean, tink ik."
Gemeente en partij besteane net mear
Visser is it langstsittend riedslid fan Nederlân.
Yn 1970 waard hy riedslid foar de kommunistyske partij CPN. Dy partij bestiet no al net mear, en de gemeente Lemsterlân, dêr't Visser riedslid wie, ek net.
Lemsterlân gie op yn de gemeente De Fryske Marren, en de CPN gie op yn GrienLinks.
Visser gie net mei nei GrienLinks, hy waard aktyf foar de NCPN: de nije kommunistyske partij. Dêrfoar sit hy no yn de ried fan De Fryske Marren.
Al 14 kear is Visser ynstallearre as riedslid. Dit jier noch krige hy dêrom in earepinning fan de gemeente De Fryske Marren.
Earder krige hy dyselde eare fan de gemeente Lemsterlân. Yn 1994 wie Visser listlûker út namme fan de NCPN foar de Twadde Keamer. Ek yn 1998 en 2003 stie er leger op de list foar dy partij.
80 jier kommunisme
Visser wie de opfolger fan Anne Visser (gjin famylje) as riedslid fan de CPN. Dat betsjut dat it kommunisme op De Lemmer al 80 jier troch in Visser fertsjintwurdige wurdt.
Wat it ophâlden fan Visser betsjut foar it kommunisme op De Lemmer, is no noch net dúdlik.
"De lanlike partij besjocht no hoe't it fierder moat. Ik kin net mear beskikber wêze, al soe ik graach wolle"