Histoaryske aaiprizen troch bedriuwskrimp en fûgelgryp: "Er kunnen soms wel miljoenen eieren stilstaan"
De priis fan aaien is histoarysk heech en it oplôgjen fan de fûgelgryp helpt ek net foar de priis. Wat betsjut dat foar de takomst fan de aai-yndustry yn Fryslân en de rest fan ús lân?
Al jierren giet de priis fan aaien rapper omheech as dy fan oare produkten. It ferskilt de soart aai, mar foar in gemiddeld wyt aai fan in skarrelhin betellet de hanneler op it stuit sa'n 30 persint mear oan de boer as in jier lyn.
Mear fraach, minder bedriuwen
Foar in part komt dat troch de gruttere fraach nei aaien. Foar it moarnsbrochje, yn baksels en troch sauzen; neffens it Voedingscentrum ite we mei ús allen sa'n 200 aaien de persoan de jier. En dan binne de aaien dy't brûkte wurde foar net te iten produkten, lykas shampoo en kosmetika, net iens meirekkene.
En dat wylst it tal lishinnebedriuwen just ôfnaam is. Troch ekonomyske druk, strangere regeljouwing, gebrek oan opfolging, de fûgelgryp of in kombinaasje fan al dy faktoaren litte plomfeehâlders harren útkeapje troch de oerheid of hâlde se der sels mei op.
Om dy krimp te kompensearjen, wreidzje besteande bedriuwen út. Neffens de LTO binne der op dit stuit sa'n 30 miljoen lishinnen yn Nederlân.
Wat is fûgelgryp?
Fûgelgryp is in besmetlike sykte dy't ûnder wylde wetterfûgels foarkomt en him ûnder plomfee (ûnder oare hinnen, kalkoenen, einen, guozzen en swannen) ferspriede kin.
Om dy fersprieding te beheinen, jildt der sûnt oktober in lanlike ophokplicht.
It betsjut dat plomfee fan kommersjele bedriuwen binnendoar bliuwe moatte. Ek binne der strange regels foar it besykjen fan dy bedriuwen.
Histoaryske aaiprizen troch bedriuwskrimp en fûgelgryp
De fûgelgryp is in weromkommende oarsaak, want dy soarget der ek op oare wizen foar dat de priis fan aaien fierder omheechgiet.
As de sykte by in bedriuw fêststeld wurdt, moat neffens Europeeske wetjouwing al it plomfee romme wurde om fierdere fersprieding foar te kommen.
Hûnderttûzenen bisten wurde ôfmakke, dêrtroch binne der minder hinnen dy't aaien lizze kinne. Dy krapte soarget derfoar dat de priis fan in aai omheechgiet.
Neffens Kees de Jong, foarsitter fan de fakgroep plomfeehâlderij fan de LTO, duorret it in skoft foardat dy hinnen wer ferfongen wurde kinne: "Dan heb je het over ongeveer een halfjaar."
Dat moat foarearst net in hiel grut probleem wêze, tinkt hy: "Er zitten 6 à 7 miljoen kippen in de opfok, er is ruimte om te schuiven met puzzelstukjes om te zorgen dat iemand weer vol zit."
Bûtenlânske aaien
De ôfrûne wiken is de fûgelgryp by de bedriuwen yn of op de grins fan Fryslân fêststeld. Twa kear yn Droegeham en ien kear yn 'e Grinzer Pein.
Yn in sirkel fan 10 kilometer om dy troffen bedriuwen hinne jildt in ferfiersferbod foar plomfee, bried- en konsumpsje-aaien, dong en struisel.
"Het doet natuurlijk wel wat als een gebied op slot zit. Dan kunnen er soms wel tig miljoen eieren stilstaan", seit de Jong. "Als het langer duurt en de eieren kunnen niet weg, zullen de prijzen op korte termijn doorstijgen."
Mensen willen niet een sticker uit Roemenië op hun eieren zien.
De hege priis fan Nederlândske aaien soarget derfoar dat de yndustry hieltyd faker nei it, goedkeapere, bûtenlânske aai grypt. "Hoe groter het prijsverschil, des te interessanter het is om een wagen te laten rijden. De consument wil zijn product hebben en fabrikant wil zijn machines laten draaien, dat snap ik wel."
Dochs it dat foar it gewoane 'tafelaai', dy'tst bakst, posjearrest of siedst, net it gefal: "Dat blijft een Nederlands product. Mensen willen niet een sticker uit Roemenië op hun eieren zien", seit de Jong.
De Nederlânske sektor sjocht de takomst dan ek benammen yn kwaliteit, net kwantiteit. It aai op dyn boerd bliuwt dus 'gewoan' Nederlânsk.
Logistike útdagings en hegere prizen
Frisian Egg yn Drachten ferwurket aaien ta aaipoeder en floeibere aaiprodukten. Dat guod wurdt brûkt yn yndustriële bakkerijen, troch saus- en saladefabrikanten, yn advokaat en yn rjemme-iis.
It bedriuw hellet op dit stuit allinnich noch aaien út Nederlân, Dútslân en in pear út België en Denemarken. Mar foar de takomst sjogge se ek nei oare lannen yn Europa.
Yn de simmer fan 2025 waard it bedriuw oernaam troch Hardeman Egg Group. "Zij hebben ook stallen in bijvoorbeeld Hongarije en Polen. Deze eieren voldoen aan Europese standaarden en gaan we hier ook verwerken", fertelt direkteur Rolf Stuiver.
De fûgelgryp soarget foar in soad logistike útdagings by it bedriuw. Aaien kinne net mear streekrjocht fan bedriuwen út de besmette gebieten transportearre wurde en de produkten moatte ekstra skjinmakke wurde.
Dat hat ek ynfloed op de priis fan de einprodukten fan Frisian Egg. "Uiteindelijk zijn eieren natuurlijk ons grootste ingrediënt", seit Stuiver "Dus ook onze verkoopprijzen zijn afgelopen jaren erg gestegen."
De consumptie van eieren en producten waar ei in zit, stijgt gewoon door.
Dochs hat hy gjin soargen oer de takomst fan syn bedriuw. "Er zijn al veel manieren bedacht om dezelfde producten zonder ei te maken, maar deze komen door geen enkel smaakpanel. De consumptie van eieren en producten waar ei in zit, stijgt gewoon door."
Ekstra beskerming
As it om de fûgelgryp giet, sjocht De Jong fan de LTO posityf nei de takomst. Faksinaasje soe in útkomst wêze kinne.
"We willen dieren extra bescherming geven, waardoor er minder uitbraken komen. Een uitbraak moet een uitzondering worden." Hy hopet dat it binnen in jier as fiif safier is.
Dochs sjocht hy dat net as oplossing fan de hege priis fan aaien. It tal bedriuwen dat dermei ophâldt, is neffens him te heech.
"Je krijgt niet zomaar vergunningen meer. Het aanbod zou niet zomaar kunnen stijgen. Ik zie de prijs pas op de lange termijn zakken."