Omrop Fryslân

Sinteklaas is foar in soad bern in spannende tiid, hoe hâldst it gesellich?

Beklamje dat Sinteklaas der is om te dielen, seit bernepsycholooch Geeske Hospes
© ANP
Sinteklaas komt sneon 15 novimber wer nei Nederlân. Fansels slacht de goedhillichman Fryslân net oer. Dochs kin it sinteklaasfeest foar guon bern spannend wêze. Hoe komst mei lytse bern sa noflik mooglik troch dizze perioade?
Besykje de spanning by it bern wei te nimmen en nim it bern foaral serieus, seit bernepsycholooch Geeske Hospes fan De Jouwer.
Neffens Hospes tinke guon âlden dat it mei dy spanning wol tafalt. Mar it is in misferstân om te tinken dat bern noch te jong binne om eat spannend te finen.
"Bern yn de leeftiid tusken de twa en sân jier âld sitte yn de magysk realistyske faze", leit sy út. "Foar in bern yn dy leeftiid is Sinteklaas werklikheid."
Sinteklaas by de yntocht yn Frentsjer 2023
© Tiete-Fokje van Eijk
Wat feroarsaket no krekt dy spanning? "Bern wurde hjoed-de-dei hielendal gek makke, it sinteklaasfeest jout in soad drokte: op skoalle, yn de supermerk, op social media en fansels Het Sinterklaasjournaal, je kinne der hast net omhinne."

Grizelich uterlik

It uterlik fan Sinteklaas is foar in protte bern ek noch wol in dinkje, seit Hospes. "Foar ús is Sinteklaas in hiel gewoan persoan, mar sa'n man mei in lange burd, makket op in soad bern yndruk. Sy fine dat der grizelich útsjen."
In oare oarsaak foar de spanning is dat de deistige rûtine wat fuortfalt. "Dat begjint al mei Sint Marten op 11 novimber, en dan yn de sinteklaastiid thús en op skoalle de skoech sette is ek net in deistich barren."
Meitsje der foaral gjin machtsmiddel fan troch bygelyks te sizzen dat se gjin kadootsjes krije as se net lústerje.
Bernepsycholooch Geeske Hospes
Wat kinne âlden dwaan om bern dy't spanning ûnderfine gerêst te stellen? "Foar wat de yntocht oanbelanget kinst yn it foar fertelle wat der krekt barre sil. Filmkes yn it foar besjen helpt ek."
Fierder riedt se oan om ôfspraken te meitsjen: "Jou dyn bern de romte dat it sels bepaalt hoe tichtby oft hy by Sinteklaas en syn piten yn de buert komme wol."

It is in frjemdling seker

Guon bern fine it ek in spannend idee dat Sinteklaas by harren yn 'e hûs komt. Dat bern net krekt witte hoe let dit wêze sil, helpt ek net mei, seit Hospes.

"Lis it bern út dat Sinteklaas en syn piten net samar binnenkomme kinne en dat heit en mem dan altyd yn de buert binne. Of je sizze dat se de kadootsjes bûten dellizze en dat heit en mem de kado's dan yn de skoech lizze."
Sinteklaas op It Hearrenfean yn 2023
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Mear algemien jout se âlden de tip om it yn alle gefallen posityf te hâlden. "Beklamje dat Sinteklaas der is om te dielen en dat it in moai feest is."
"Meitsje der foaral gjin machtsmiddel fan troch bygelyks te sizzen dat se gjin kadootsjes krije as se net lústerje. Al tink ik dat eltse âlder dat stikem wolris dien hat", laket se.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.