Omrop Fryslân

Foar it earst yn 35 jier krijt Fryslân in nij treinstasjon: "Het is ook best ingewikkeld"

In trein fan NS
© Shutterstock (VanderWolf Images)
It kabinet stelt hast fjouwer miljoen euro beskikber foar in nij stasjon yn it suden fan Ljouwert. It nije stasjon 'Werpsterhoeke' moat benammen de ynwenners fan de nijbouwiken Middelsee en De Zuidlanden betsjinje.
De gemeente Ljouwert hie in oanfraach foar fjouwer miljoen euro dien. Mei 3.883.832 euro is dat hast folslein honorearre. "Daar zijn we heel erg blij mee, maar het is ook heel erg hard nodig", seit wethâlder Hein de Haan.
De lokaasje fan it nije stasjon
© Omrop Fryslân
Neist it stasjon moat ek in parkearterrein komme. "We gaan steeds meer toe naar andere vormen van mobiliteit", seit De Haan.
"Op die plek kunnen straks ook mensen van buiten Leeuwarden naar de trein rijden om op de trein te stappen naar Zwolle, Amsterdam of Groningen. Daar heb je dus parkeervoorzieningen voor nodig."

Al goed tritich jier gjin nij stasjon

Goed in jier lyn sei ProRail dat se tinke dat it stasjon yn 2028 iepenje kin. De lêste kear dat yn Fryslân in nij stasjon iepene waard, wie yn 1991 it stasjon Ljouwert Camminghabuorren.
"Dat gebeurt niet vaak en het is ook best wel ingewikkeld. Je moet praten met de spoorwegen: is het nodig? Zijn er voldoende reizigers? Dus het is best wel mooi dat er een nieuw treinstation bij komt, zodat meer Friese mensen van een goede opstap voorzien kunnen worden", seit De Haan.

Leeuwarden Zuid

De 'wurknamme' fan it stasjon is Leeuwarden Werpsterhoeke, mar as it oan de wethâlder leit dan kin dêr noch best in oare namme foar komme.
Dat zou op zich mooi zijn. Dan worden we een steeds grotere en volwassenere stad.
Wethâlder Hein de Haan sjocht 'Leeuwarden Centraal' wol sitten
"Misschien zou Leeuwarden Zuid wel een betere naam zijn", seit er. "Maar dat is iets wat wij als gemeente niet kunnen besluiten, daar gaat ProRail over."

Acht sintrale stasjons

No't Ljouwert aanst trije stasjons hat, wurdt it haadstasjon dan Leeuwarden Centraal? "Dat zou op zich mooi zijn. Dan worden we een steeds grotere en volwassenere stad. Je kunt erom verzoeken", seit De Haan.
"Daar zitten ook allemaal kosten bij, begreep ik. Maar wie weet: Leeuwarden Centraal klinkt wel mooi."
Dy eare is no noch foarbeholden oan acht Nederlânske stêden, wêrby't Eindhoven en Amersfoort yn 2019 de lêste wienen mei de nammeferoaring. Amsterdam, Arnhem, Den Haag, Leiden, Rotterdam en Utrecht hawwe ek in sintraal stasjon.
It stasjon fan Ljouwert
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De kâns liket lykwols lyts dat de namme yn Ljouwert feroarje sil yn de neibye takomst. Neffens ProRail moat in stêd minimaal trije stasjons, 100.000 ynwenners en 40.000 reizgers hawwe.

Grutte jonges

It earste soe yn 2028 dus it gefal wêze moatte en neffens de meast resinte sifers fan de gemeente foldocht de stêd Ljouwert mei 101.516 ynwenners ek oan it twadde betingst.
It tredde en lêste betingst liket in probleem te wurden. Yn 2024 reizgen mei de NS yn trochsneed 7.705 op it stasjon fan Ljouwert. Yn 2019 wienen dat der noch 9.992, dus it tal liket ek earder leger as heger te wurden.
Arriva hat gjin sifers bekendmakke oer it stasjon Ljouwert, mar ProRail hie earder oer in totaal fan ûngefear 10.000 deistige reizgers.
Dêrmei liket it dus noch wol efkes te duorjen foardat Ljouwert him by it rychje mei de 'grutte stêden' melde mei.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.