Omrop Fryslân

De boargemaster op ’e stoepe nei oerlêst troch jongelju yn Drachten

Fred Veenstra
© Omrop Fryslân
De oerlêst fan groepen jongelju yn Drachten is sa grut dat de boargemaster fan Smellingerlân fan it stee komt en yntusken by in tal húshâldingen op 'e stoepe stie.
Dat docht fertuten, sa seit de boargemaster.
"Se skrikke faak earst wol even, mar wy ha úteinlik hiel goede petearen fierd", konkludearret Fred Veenstra.
It is net it earste besykjen om de oerlêst fan jongelju yn it sintrum fan Drachten tsjin te gean.

Fjoerwurk en fatbikes

De folsleine simmerperioade holden groepen jeugd harren op ferskate plakken op. Dêr kamen it brûken fan fjoerwurk en it hurd riden op fatbikes by.
"Minsken fielden har net frij om troch it sintrum te rinnen", seach de boargemaster.
Dus waarden earst de plysje, boa's en jongereinwurkers de strjitte op stjoerd.

Boeten holpen net

"Wy hawwe besocht mei man en macht om de oerlêst foar te kommen. Der binne ferskate boeten útdield, mar it gie troch. Op in gegeven stuit hawwe wy konkludearre: it is net genôch dus wy moatte opskale."
Minsken kenne harren bern, dy witte dat dy net eltse jûn thús op de bank sitte.
Boargemaster Fred Veenstra
Dus luts Veenstra der faak op de ein fan de middei op út. Tegearre mei ien of twa boa's stie er by de âlden fan de jongelju foar de doar.
"Ik haw mysels foarsteld en sein: ik wol graach prate oer de soargen dy't wy hawwe oer jo soan dy't wy hieltyd tsjinkomme yn ferslaggen fan boa's en plysje."

Slimmer foarkomme

Foar âlden kaam dat meastentiids net hielendal as ferrassing.
"Minsken kenne harren bern, dy witte dat dy net alle jûnen thús op de bank sitte."
It kariljon yn it sintrum fan Drachten
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Veenstra beklamme yn de petearen benammen dat slimmere oertrêdingen foarkaam wurde moatte.
"Ik wol net gebietsferbodden jaan moatte, dat komt dan yn in dossier fan sa'n jonge.
Jongelju dy't op dat stuit thús wienen, fûnen de besite earst net altyd even aardich.
"Dy skeaten faak yn de ûntkenning, mar nei wat útlis ha wy faak wol goed praat."
Mei de útkomst fan de petearen wol Veenstra no tinke yn oplossingen. As foarbyld neamt er dat in jongereinsintrum ek jûns iepen wêze kin, yn stee fan altyd allinnich nei skoaltiid.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.