Learlingen fine iuwenâld guod yn de grûn en meie dat útstalle yn museum
By in bysûnder skoalprojekt hawwe learlingen fan it Dockinga College út Dokkum ferskate iuwenâlde foarwerpen fûn. Museum Dokkum stalt de meast bysûndere fynsten út.
De learlingen mochten de skoalbanken út om archeologyske fynsten te dwaan.
By it projekt dat acht wiken duorre, gienen de learlingen mei metaaldetektoaren of magneten de regio yn.
Archeolooch Robbert Velt kaam dêrnei del foar in gastles om de fynsten fierder te ûndersykjen.
Sa as dy fan Jurre, dy fûn in stilus. "Hij komt uit de vijftiende eeuw en werd vooral door monniken gebruikt", fertelt Jurre.
Johan Willem fûn in kaai fan in kleaster by Ferwert út de 13e iuw. Dat wie net fuortendaliks dúdlik, mar mei in bytsje ûndersyk koene se 'm dochs weromliede.
"Hy is grien, dus dêroan kinst wol sjen dat er hiel âld is", fertelt Johan Willem.
Foar de twa jonges is archeology eins in hobby wurden, sa moai fine se it.
Dizze objekten en de rêst fan in bysûndere útstalling binne fan freed 10 oktober ôf te sjen.