Jinke út Wurdum is sljocht op ljippen: hûs en tún steane der fol mei
As de ljip yn 't lân is
Yn Wurdum falt de foartún fan Jinke Kuperus-Hoekstra fuortendaliks op. Dat wie ek de reden dat HEA! by har oanbelle. Want wa't by Jinke binnenstapt, komt yn in hûs dêr't mar ien fûgel de toan set: de ljip.
Oeral om har hinne fynst ljippen en Jinke sparret se al jierren. It begûn yn 1981, doe't se har earste ljipaai fûn. Dêrfoar krige se in Sulveren Ljip, dy't in Brabanner fan har keapje woe.
Dat woe se net, en fan dat momint ôf krige se sels it idee om ljippen te sammeljen.
It is in yndrukwekkende kolleksje en de kasten steane der fol mei, mar ek yn de tún kinst se net misse. Dêr stean twa reuzeljippen: it mantsje (heike) hat se al jierren, en foar har 80e jierdei hat se der in wyfke (seike) by kocht.
Foar Jinke stiet de ljip symboal foar har jonge jierren, doe't se altyd yn 't lân te finen wie. Har leafde foar de fûgel gie sels safier dat se in ferske oer de ljip skreau dat troch Rommy besongen is.