Brok: "Den Haag soarge hjir foar ferdieldheid, dat docht sear"
Net de noardlike provinsjes sels, mar de lanlike politisy yn Den Haag soargje foar twaspjalt yn it Noarden. Dat it Noarden it dreech hat om mei in mienskiplik boadskip te kommen, komt perfoarst net allinnich troch de ferskillen yn 'e karakters fan 'e provinsjes. "Wy gunne inoar echt wol wat."
Dat set Fryske kommissaris fan de Kening Arno Brok útien. Hy dielt syn argewaasje oer de wurkwize fan Haachske politisy rjochting it Noarden yn 'e earste ôflevering fan Stand van Noord-Nederland. Dat is it ekonomyprogramma RTV Noord, RTV Drenthe, Omrop Fryslân mei de Sociaal Economische Raad Noord-Nederland.
Sukses of yllúzje
Yn 'e útstjoering leit de fraach op 'e tafel hoe suksesfol oft de noardlike gearwurking is. Smyt it wat op of is it earder in yllúzje? Neffens Brok is de regio aardich suksesfol by saken as it binnenheljen fan miljoenen út Brussel wei.
Tagelyk is it Noarden ek slachtoffer fan de wize wêrop't lanlike politisy omgeane mei ôfspraken dy't mei de regio makke binne, seit Brok. Dat kaam koartlyn nei foaren yn it Lelyline-dossier.
Ut de miljardepot foar de rappe spoarline fan Grinslân, troch Fryslân nei de Rânestêd waard tsjin alle ôfspraken yn troch it hjoeddeiske kabinet jild helle en tawiisd oan de Nedersaksenline. Dat is in trasee by de eastlike grins fan Drinte en Oerisel del.
Den Haag soarge hjir foar ferdieldheid, dat docht sear.
Drinte wie dêr wiis mei, Grinslân reagearre foarsichtich neutraal en Fryslân wie bot fernuvere.
"Den Haag soarge hjir ferdieldheid, dat docht sear", seit KdK Brok. It is perfoarst net sa dat Grinslân, Fryslân en Drinte harren samar tsjininoar útspylje litte, seit Brok mei klam. Mar polityk hantsjebakken yn Den Haag sit noardlike bestjoerders goed dwers, fynt er.
Yrritearre rjochtet Brok him direkt ta earder NSC-Keamerlid en hjoeddeistich FNP-listlûker Aant Jelle Soepboer: "Wat ik beswierlik fyn, is dat 150 Keamerleden - en dêr wiene jo ien fan - miljarden útlûke wolle foar de Lelyline en dat de fraksjefoarsitters fan ek jo partij dêr in wike letter in bedrach úthelje en foar in oare spoarline bestimme."
Soepboer keatst de bal werom. Neffens him leit it him oan it feit dat de regio sels 'har ferhaal net goed op oarder hat'.
"De lobby op allinnich in rappe spoarline is te fyn", seit er. "Der moat in oar ferhaal komme foar it Noarden. It moat net allinnich mar gean oer foarútgong yn 'e sin fan ekonomyske groei en it bouwen fan wenningen. Wy moatte hjir net it fallite systeem fan 'e Rânestêd ymportearje."
Dat fleant Brok yn it ferkearde kielsgat: "Gjinien hjir yn it noardlike bestjoer hat it oer it folbouwen fan it Noarden."
Eigen Fryske ambassade
Meitsje leaver in oertsjûgjende en gearhingjende fyzje oer romte en kwaliteit fan libben dy't de regio biedt, stelt Soepboer foar. Hy hat fierder net mei in mienskiplike noardlike oanpak. Hy sjocht mear yn in eigen, provinsjale lobby.
Fryslân moat in eigen gebou ha yn Den Haag en Brussel.
"Prima om inoar op tema's op te sykjen", seit Soepboer. "Mar sjoch ris nei hoe folle jild oft nei dy mienskiplike lobby giet. Wat Fryslân dêroan útjout, soe better bestege wurde kinne oan in eigen Frysk gebou yn Den Haag en Brussel. Set dêr in permaninte fertsjintwurdiger del as ambassadeur foar Fryslân."
Hy kriget fan 'e oare tafelgasten net in soad byfal. Joyce Walstra, foarsitter fan MKB Noord en lid fan 'e Sociaal Economische Raad Noord-Nederland (SER) sjocht betinklik.
Hja wiist Soepboer derop dat soks al bestiet: "Met het Nederlands Huis van de Provincies hebben we al een vertegenwoordiging in Brussel en we hebben ook noordelijke vertegenwoordigers in Den Haag."
Ferbetterje de lobby
Sjoch leaver nei hoe't de effektiviteit fan de noardlike lobby kin ferbettere wurde, fynt Walstra. En ás dan jild fan Brussel nei de regio takomt, soargje dan ek dat ûndernimmers dêr echt wat oan hawwe, heakket se ta.
"Ondernemers die ermee aan de slag gaan komen in een log en bureaucratisch apparaat terecht. De taal waarmee Europese fondsen worden weggezet in de regio is ambtelijk en ingewikkeld. Daar hebben bedrijven moeite mee."
In sterk eigen ferhaal
Foarsitter Jouke de Vries fan de Rijksuniversiteit Groningen wol it aksint minder lizze op alderhande lobbyaktiviteiten. "Ik fyn dat we fierstente ôfhinklik binne fan politisy en fan 'e oerheid en fan Brussel", seit De Vries. "Jo moatte as Noarden sels it ferhaal meitsje. Wat is de ekonomyske ûntwikkeling dy't wy hjir séls wolle?"
"Fansels binne der ferskillen tusken de provinsjes, mar sjoch nei de mienskiplike aspekten. Wêr wolle wy hinne? Wat binne de grutte ûntwikkelingen en útdagingen? Digitalisearring en keunstmjittige yntelliginsje, enerzjytransysje? Wêr giet de lânbou hinne? Hoe wol de regio dêr sels mei omgean?"
Fyzje
As de regio sels dúdlike antwurden jaan kin op dy fragen, dan "hast in ferhaal te fertellen yn Den Haag en Brussel", seit de RUG-bestjoersfoarsitter. Binnen dat fyzjeferhaal is romte genôch foar elke provinsje om ek it eigen karakter te behâlden en selsstannich profyl te ûntwikkeljen, mient De Vries.
Net alles moat noardlik, dat wurket net.
Mei-inoar oplûke fynt de Fryske kommissaris fan de Kening prima, mar wol mei wat weromhâldendheid: "Net alles moat noardlik, dat wurket net. Jo moatte jo net opslute yn 'e regio. Soms hawwe wy ek de freonen nedich fan Flevolân, soms hawwe wy ek de freondinnen nedich fan Noard-Hollân."
"Jo hawwe ek oare regio's nedich en dêr moatst tûk yn te wurk gean op tema's dy't fan belang binne. Jo dogge provinsjaal wat mooglik is en sykje de krêft faninoar op."
Fan it idee dat 'Elke regio telt', it adagium fan it lêste kabinet-Rutte, is yntusken net folle mear oer, konkludearren de gasten oan tafel unanym. It is in holle, lege gjalp wurden, seit Soepboer.
Stand van Noord-Nederland
Stand van Noord-Nederland is in searje programma's oer de noardlike ekonomy, makke troch RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân yn gearwurking mei de SER Noord-Nederland.
Online is de útstjoering no al te sjen, op telefyzje is Stand van Noord-Nederland by Omrop Fryslân te besjen op tiisdei om 17.30 oere en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.