Mearderheid yn ried Dantumadiel foar iepenstelling fan winkels op sneins
De mooglikheid om op snein ynkeapen te dwaan yn Dantumadiel is in stap tichterby kaam. In mearderheid fan de gemeenteried stipet in moasje foar sneinsiepenstelling fan 12.00 oere ôf.
De moasje kaam tiisdeitejûn fan SociaalLinks, Gemeentebelangen Dantumadiel en in meardendiel fan it CDA.
Sy sjogge in beheinde iepenstelling fan de middei ôf as in middenwei.
Tradisjoneel rêstmomint behâlden
Sa is der romte foar ûndernimmers en konsuminten, wylst de sneintemoarn as tradisjoneel rêstmomint behâlden bliuwt.
De moasje waard stipe troch de FNP en ûnôfhinklik riedslid Ferry van der Ploeg, dy't koartlyn út de FNP stapte.
CDA-riedslid Sietse Hilverda stimde tsjin de moasje fan syn eigen partij. Dat wie neffens him net fanwegen religieuze redenen, mar om't hy him soargen makket oer de druk op lytse ûndernimmers.
SGP en ChristenUnie stimden tsjin de moasje, út oertsjûging dat de sneinsrêst beskerme bliuwe moat.
Druk om iepen te gean
It ûnderwerp fan sneinsiepenstelling is al langer in hjit hingizer yn it benammen kristlike Dantumadiel.
Guon riedsleden binne benaud dat winkeleigeners har twongen fiele om iepen te gean as gruttere ketens op sneins ek de doarren iepenje.
"Wy nimme dat ek mei", sei wethâlder Rommy Kempenaar ta.
It kolleezje moat no mei in konkreet foarstel komme. Dêrby wurdt sjoen nei de ûnderfinings yn buorgemeenten as Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen.
"In hurde datum kin ik net jaan, mar foar de ferkiezings fan takom jier leit der in elts gefal in foarstel foar de ried", sei Kempenaar nei ôfrin fan de riedsgearkomste.
Evaluaasje
Ek komt der op fersyk fan it CDA in evaluaasjemomint, sadat beoardiele wurde kin hokker gefolgen oft de eventuele iepenstelling hat foar ynwenners en ûndernimmers.