Ynternasjonale oefening mei fleantugen en parasjutisten yn folle gong: sa sjocht dat derút
Tsientallen transportfleantugen fleagen woansdeitemiddei boppe de Marnewaard, by de grins mei Fryslân. Sa'n 240 folslein bepakte militêren út Frankryk, Poalen en Nederlân sakken mei parasjute del as ûnderdiel fan de ynternasjonale oefening Falcon Leap.
It soarge foar bysûndere bylden yn de loft.
Sûnt begjin dizze wike stiet Noard-Nederlân yn it ramt fan de ynternasjonale loftlâningsoefening Falcon Leap. Fan Fleanbasis Eindhoven ôf traine militêren fan de lânmacht en loftmacht mei kollega's út alve oare lannen.
Ynwenners fan it easten fan Fryslân kinne de oefening fernimme: dat is oant 20 september diel fan in 'leechfleangebiet'.
By de oefening kamen militêren mei parasjute nei ûnderen
Letter dizze wike steane noch mear luchtlâningsoperaasjes pland. Yn de twadde wike (15 oant en mei 19 septimber) sille parasjutisten lânje op de Ginkelse Heide by Ede.
Op sneon 20 septimber fynt dêr de jierlikse betinking fan Operatie Market Garden plak, wêrby't sa'n 700 militêren út ferskate lannen op histoaryske grûn lânje sille.