Omrop Fryslân

Wat moatst as nije studint witte oer Ljouwert? Folgje hjir in stoomkursus

Der binne wer nije studinten dy't Ljouwert ûntdekke
© Lucas Kemper
Yn Ljouwert streame dizze wike de strjitten wer fol mei nije studinten. En dus meitsje de stêd en har 'grientsjes' kennis mei-inoar. Hjirûnder in stoomkursus 'Ljouwert', om de yntegraasje fêst in setsje te jaan.
Wêr kinst yn alle rêst studearje? En wat is it bêste plak foar in fette hap, nei in pear drankjes yn de Doelesteeg? Yn de nije stúdzjestêd rinne in protte studinten faak noch mei fraachtekens boppe de holle. Dêrom dit handige rychje foar in fleanende start yn 'Liwwadden'.

1. Fan boule oant blêre

Yn Ljouwert wachtet de jonge studinten in hiele trits oan kroegen. Allegearre mei harren eigen karakter. In flink part dêrfan is te finen yn de Oude Doelesteeg, dé útgeansstrjitte fan de stêd.
Ien fan de grutte feestmagneten is De Ouwe Stoep. Foar elkenien dy't graach meters op de dûnsflier makket en meiblêrt op fleurige muzyk.
Kafee De Ouwe Stoep yn de Oude Doelesteeg yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
Mochtest dat lêste leaver mei mikrofoan dwaan, dan kinst binnenstappe by Scooter's, oan it Ruiterskwartier. Dêr is alle tongersdeis karaoke. Ut in map mei in ûneinich soad nûmers kinst dyn favorite meisjonger kieze en it 'nachtegealtsje' fan de jûn wurde.
Of kombinearje jeu de boules mei dyn bierke. Want op in lytse tsien minuten rinnen lizze de ballen klear by BOEL. Hjir kinst foar 16 euro in baantsje boeke.

2. Fette hap

Foardatst nachts it fytsslot iepen klikst, hast grif noch nocht oan wat fets. Dochs mar in tuskenstop.
Dêrfoar kinst ûnder oare nei de âlde fertroude FEBO ta. Dêr leit it 'brune fruit' efter de lûkjes op dy te wachtsjen.

Oer dit artikel

Dit artikel is in jier lyn troch Omrop Fryslân makke yn oanrin nei de yntroduksjedagen. It krige in soad belangstelling en is no opnij publisearre.
Of gean nei Du Nord. In bekende namme yn Ljouwert, dêr't je bygelyks telâne kinne foar de ferneamde broadsjes pollo (pyk). Bist mear fan 'e patat? Dan kin in besite oan snackbar Hola gjin kwea.

3. Blokke yn de Blokhúspoarte

Net ûnbelangryk yn 'e stúdzjetiid: it studearjen sels. Dat kin fansels op dyn keamer. Mar ast dyn hûsgenoaten net stil krije kinst, of ast gewoan ferlet hast fan in oare omjouwing, dan binne der noch genôch opsjes yn de stêd.
De Blokhúspoarte yn Ljouwert
© Shutterstock.com (Bas van den Heuvel)
Sa kinst dyn boek iepenslaan op in plak dêr't earder swiere kriminelen ferbleaune. De Blokhúspoarte wie nammentlik eartiids in finzenis. Sûnt 2018 is it omtsjoend ta biblioteek. Kompleet mei stúdzjeplakken en foar wat blokbrânstof kinst nei restaurant De Bajes.

Studearje op skommels

Dêrneist is der de byb fan Tresoar. Gjin hoareka, wol rêst. Of kies derfoar om te studearjen op ien fan de skoallen. Altyd foarsjoen fan goede kofjebarkes en by NHL Stenden kinst plaknimme op skommels. Mocht dat dy helpe mei learen.
De binnenstêd fan Ljouwert
© Gemeente Ljouwert
Giest goed op rumoer? Dan kinst ek altyd noch oan de slach yn ien fan de kafees yn de stêd. Bagels & Beans, Douwe Egberts Café, Bahns & Coffee; genôch lokaasjes dêr'tst de tentamens te liif gean kinst.

4. Jimmy Euro

Elke stêd hat kleurrike bewenners dy't ta it meubilêr fan de strjitte hearre. Yn Ljouwert is Jimmy Euro sa'n persoan. In dakleaze man dy'tst betiid of let tsjinkomst yn de Peperstrjitte.
Mag ik een eurootje, alsjeblieft?
Jimmy Euro is in bekende dakleaze yn Ljouwert
Werkenst him oan syn foaroerbûgd loopke, en keale holle mei swarte hierrâne. Lykas syn namme al fermoeden docht, freget Jimmy passanten om jild: 'Mag ik een eurootje, alsjeblieft?", klinkt it steefêst.

5. Genietsje yn it gers

Ast efkes ûntsnappe wolst oan auto's en gebouwen, dan kinst altyd dyn kleedsje útklappe yn de Prinsetún. Foar studinten it populêrste park fan Ljouwert.
De Prinsetún yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Sian Wierda
It is dan ek in noflik plak om te proasten en in stokbôle te smarren, of om even lekker in baltsje te traapjen. En dat alles ûnder tafersjoch fan de Aldehou.
Ek is der it gers fan it Rengerspark en rekreaasjegebiet Griene Stjer. Dat lêste leit wat fierder út de stêd, mar dan ha je wol tûzen bunder oan sinnegreiden, strannen, wetterplassen, bosk en kuierpaden.

6. Fergeze livemuzyk

Kuierjend troch Ljouwert hearst op ferskate plakken livemuzyk troch de doarren. Meastal kinst dêr fergees nei binnen ta.
Café Scooter's, mei eigener Ton Eijer
© ANP
Ien fan dy plakken is Scooter's, dêr't (ynternasjonale) muzikanten blues, rock, rockabilly en indiepop spylje. Mar ek yn de Kantelaar en In de Brouwerij lizze de ynstruminten geregeld klear. Of gean nei Café Mukkes, ast sin hast oan stevige drums en skuorjende gitaren.

7. Liifliet Ljouwert

Dêrneist binne der ferskes dy't oer Ljouwert sels gean. It liifliet ûnder de jongerein is dochs wol 'Genot' fan sjonger Ricky. In hommaazje oan 'e stêd, dêr't de hotspots yn besongen wurde.
Spylje him dus in pear kear ôf, lear it Liwwadders, en foardatst it witst rinst sjongend by de Aldehou del:
Genot, as ik hier loop ja deur de straten. (...)
Genot, as ik weer liwwadders ken praten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.