Omrop Fryslân

Google net bliid mei AI-foto's fan fjoerspuiende fulkaan yn 'e Waadsee

In AI-foto fan de Súdwâlfulkaan op Google Maps
© Google Maps
Hast net ien wist noch fan it bestean fan de Súdwâlfulkaan yn de Waadsee tusken Harns en Flylân, mar grapmakkers pleatse massaal foto's fan en reviews oer de fulkaan op Google Maps en jouwe sa de yndruk dat it om in sichtbere en aktive fulkaan giet.
Foar de dúdlikheid: de fulkaan bestiet echt, mar is net te sjen en ek al hiel lang net mear aktyf. De lêste útbarsting wie nei alle gedachten 145 miljoen jier lyn.
De fulkaan wie in kilometer heech en sa'n tolve miljoen jier lang wól aktyf. Toeristen dy't net better witte, soene troch de ferhalen en foto's op Google Maps serieus op syk gean kinne nei de no ûnsichtbere fulkaan.
In AI-foto fan de Súdwâlfulkaan, makke troch in brûker fan Google Maps
© Google Maps
Om dy reden hellet Google de reaksjes en foto's (allegear makke mei AI) wer fuort. It is lykwols dweile mei de kraan iepen. Alle dagen komme der wer foto's en resinsjes by.
Vanaf de veerboot in de verte wat rook waargenomen. De zeehonden op de zandplaat in de buurt leken er niet warm voor te lopen.
Resinsje oer de fulkaan op Google Maps
Wat is de Súdwâlfulkaan dan en wêrom wit hast net ien fan it bestean? Elske de Zeeuw - Van Dalfsen is fulkanolooch.
"Het is een dode vulkaan", seit sy. "Hij ligt onder twee kilometer sediment onder de bodem fan de Waddenzee."
De fulkaan wie 145 miljoen jier lyn aktyf. "De situatie is dus zeker niet zoals we zien op de foto's die nu gepost worden", neffens De Zeeuw.
AI-foto fan de Súdwâlfulkaan op Google Maps
© Google Maps
De fulkaan waard by tafal ûntdutsen yn 1970. "Een oliemaatschappij deed toen boringen", fertelt De Zeeuw. "Bij het omhoog halen van materiaal uit de boorkern zat er vulkanisch gesteente in. Dat leidde tot enige verbazing."
De fulkaan is dus net mear aktyf en wurdt dat ek net mear.
De Zeeuw: "Nee, dat kan echt niet. Het proces waarbij het magma ontstond dat deze vulkaan produceerde, is niet meer gaande in de Waddenzee. Er wordt geen magma meer gevormd."
Foodtruck is top! De top is wel slecht bereikbaar voor rolstoelgebruikers en fietsers maar dat mag de pret niet drukken. Zeker de moeite waard!
Resinsje oer de fulkaan op Google Maps
"Het zou een leuke 1 april-grap kunnen zijn", fynt De Zeeuw. "Maar we willen natuurlijk allemaal dat de informatie die we op internet vinden betrouwbaar is. Je gaat je nu toch afvragen watvoor desinformatie er nog meer verspreid wordt."
Har konklúzje: "Een grapje is leuk, maar goede informatie is ook belangrijk."
In sabeare foodtruck by de sabeare fulkaan
© Google Maps
De grap begûn jierren lyn al, mar hast alle dagen komme der nije foto's en resinsjes by fan minsken dy't der sabeare west hawwe en fol bewûndering binne.
Kleding ruikt wel enorm naar rook en teer. Dat kregen we er moeilijk uitgewassen. De zolen van onze schoenen zijn een beetje gesmolten.
Resinsje oer de fulkaan op Google Maps
Oft de eangst fan Google dat minsken echt op syk geane nei de fulkaan terjochte is, is noch mar de fraach.
De VVV op Flylân is der noch net oer belle en der hawwe neffens in wurdfierder noch gjin toeristen west om te freegjen hoe't se de fulkaan fine kinne.
De fulkaan is op Google Maps fansels net te sjen
© Google Maps
Hoewol 't de measte minsken it spultsje meispylje, liket net eltsenien de grap te begripen. "Iedereen heeft het maar over een vulkaan, maar ik zie alleen maar zee", reagearret ien.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.