Omrop Fryslân

Itenstún soarget foar ferbining yn Ljouwert: "Het is ook een ontmoetingsplek"

FryslânDOK oer pluktunen 'In paradyske yn Nijhoarne'
© FryslânDOK
Foar minsken mei in útkearing binne (biologyske) grienten amper te beteljen. Dat is in grut probleem, want sûn iten is de basis fan in fitaal libben. Binne itenstunen de oplossing?
Goed 400.000 Nederlanners sitte yn de bystân en hawwe te kampen mei dizze saneamde 'itensearmoed'. Yn Fryslân rinne om de 40.000 minsken tsjin dit probleem oan. Mei harren lege budzjet is in sûn dieet faak net helber.
Sjoch hjirûnder de FryslânDOK oer pluktunen 'In paradyske yn Nijhoarne':
Stichting Sociaal en Vitaal besiket dit tsjin te gean. Yn de ôfrûne jierren hawwe sy meardere sosjale itenstunen oprjochte, ûnder oare yn Ljouwert East.
Yn de tunen oan de Schieringerwei en de Egelantierstrjitte wurde ferskate biologyske grienten kweekt foar minsken dy't rûn of ûnder de earmoedgrins libje. Húshâldingen dy't har oanmelde meie sels fergees komme te rispjen.

Op nei kânsgelikens

En dat makket dizze itenstunen foar Erna van der Werff, koördinator 'Sociale Voedseltuinen Leeuwarden', sa bysûnder: "We maken gezond, onbespoten eten toegankelijk voor mensen die daar normaal gesproken moeilijk aan kunnen komen. Dat vermindert stress, draagt bij aan een betere gezondheid en meer financiële ruimte."
Pluktún yn Ljouwert
© Sociale Voedseltuinen Leeuwarden
Generasjonele earmoed is in probleem wêr't de wyk Ljouwert East al in skoft mei wrakselet. De pluktún fan Sociale Voedseltuinen besiket dat patroan te trochbrekken.
Se wurkje nau gear mei it Programmabureau Leeuwarden Oost, dat in langetermynplan hat om kânsegelikens yn de wyk te fergrutsjen. Mei fergees iten en edukaasjeprogramma's, lykas workshops op skoallen, wurde de bewenners striidber en fearkrêftich makke.

Mear as in grientetún

Mar de itenstunen helpe net allinnich mei lichaamlik en finansjele sûnens, se stimulearje ek sosjale koheezje. In groeiende groep frijwilligers helpt de tún te ûnderhâlden.
De húshâldingen dy't rispje, meie ek bydrage. "Op deze manier brengt de tuin mensen letterlijk in beweging", seit Van der Werff. "Ze ontmoeten anderen, doen kennis op en voelen zich meer verbonden met de buurt".
De voedseltuin is een ontmoetingsplek en zorgt voor verbinding in de wijk.
Erna van der Werff, koördinator Sociale Voedseltuinen Leeuwarden
Neffens Van der Werff binne sosjale itenstunen dêrom mear as allinnich in grientetún: "Het is ook een ontmoetingsplek en een plek voor educatie, beweging en verbinding in de wijk".
Griente is dus dêr't minsken foar delkomme, mar is net it iennige doel. Van der Werff: "Het gaat om gezondheid, zelfvertrouwen en verbinding."
Yn de pluktún ha ik echt it gefoel dat der in soarte fan 'community' is. Dêr fiel ik my echt thús.
Tjitske yn petear mei filmmakker Thom Verheul
Yn de FryslânDOK In Paradyske in Nijhoarne ynterviewt Thom Verheul frijwilliger Tjitske oer de wearde fan de itenstún yn Nijehoarne.
Net allinnich de leegdrompelichheid hat har holpen om fan mentale problemen te werstellen, de tún stimuleare ek sosjale ferbining. "Yn de pluktún ha ik echt it gefoel dat der in soarte 'community' is. Dêr fiel ik my thús."

Foarút

Nettsjinsteande dat de tún yn Ljouwert noch mar koartlyn oprjochte is, komme der alle wiken al 70 húshâldingen rispjen. Foar Sociale Voedseltuinen Leeuwarden is dat lykwols noch net genôch. Van der Werff: "Het doel is om in het stadsdeel ongeveer 200 gezinnen te bereiken. Daarvoor willen we meerdere kleinere locaties in de wijk opzetten".

FryslânDOK

Filmmakker Thom Verheul makke de twadielige rige It Paradyske in Nijehoarne oer de wearde fan sjosjale itenstunen foar har brûkers en de buert. Diel ien wurdt op sneon om 15:30 útstjoerd op NPO 2, snein fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân. Diel twa is nije wike te sjen op deselde tiden.
Op woansdei is de tún iepen om te rispjen of als frijwilliger mei te helpen. Húshâldingen dy't gebrûk meitsje wolle fan it inisjatyf wurde trochferwiisd troch helporganisaasjes of de itensbank.
Fan yngewikkelde betingsten is gjin sprake: "Wie wil mag ook helpen met tuinieren, maar dat is niet verplicht om groenten te krijgen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.