Omrop Fryslân

Germ Terpstra wer superieur op NFM, Marrit van der Wal makket rol fan thúsfavoryt wier

Germ Terpstra ljepte it fierst fan elkenien
© Martin de Jong Fotografie
Foar de safolste kear dit jier hat junior Germ Terpstra fierder ljept as elkenien. Dizze kear die er dat op de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip, wêrby't ek de topljeppers út Hollân oanwêzich wiene.
De finale koe net folslein ôfmakke wurde, omdat it yn 'e jûn begûn te reinen. Doe't it ienkear drûch waard, wie it te tsjuster om noch feilich te ljeppen.
Yn de finale, dy't fanwegen de waarsomstannichheden al letter begûn wie, ljepte Terpstra mei syn twadde sprong nei 21,45 meter. Dat is in nij skânsrekôr foar junioaren.
Germ Terpstra ljept nij skânsrekôr op Nasjonale Fierljep Manifestaasje
Dêrnei luts er him werom, mei it each op de omstannichheden.
Achter Terpstra waard Auke Jan Jilderda (20,88, in persoanlik rekôr) twadde. Michiel Zijlstra (19,96) soarge foar in folslein Frysk poadium.
Net allinnich by de junioaren gie de winst nei in Fries, ek by de froulju en de jonges kaam de bêste ljepper út Fryslân.
Marrit van der Wal makke har rol as thúsfavoryt wier
© Martin de Jong Fotografie
By de froulju wie dat thúsfavoryt Marrit van der Wal, dy't dit seizoen har comeback makket. Sy ljepte nei 16,58 meter en bleau Tessa Kramer, de winneres fan ferline jier, acht sintimeter foar.
Sigrid Bokma waard mei har bêste sprong fan it seizoen (16,43) tredde. Kramer wie yn de pleatsingsronde krekt wat fierder kaam (16,75), mar yn de finale begjint elkenien op 0.
It nivo by de froulju wie heech. Ta fergelyk: ferline jier wie de 15,53 fan Kramer de winnende ôfstân. Dit jier kamen fiif froulju fierder as 16 meter.
Marrit van der Wal wint wedstriid fan heech nivo by de froulju
Bauke de Jong pykte ek te betiid: de Parregeaster ljepte yn 'e middei noch nei 21,24 meter by de senioaren, mar yn de finale kaam er net fierder as 18,59. Dêrmei kaam er net yn 'e buert fan Jaco de Groot, dy't mei 21,14 fierwei it fierste kaam. Hy bleau Ysbrand (20,17) en Oane Galama (19,90) foar.
By de jonges wie it poadium wol wer folslein Frysk. Reinder Haanstra ljepte stabyl en syn 17,70 wie goed foar de winst. Hidde Galema ljepte mei in persoanlik rekôr (17,48) nei it twadde plak, Jorrit Bouwstra (17,38) waard tredde.
Gemma van Oosterom pakte mei oertsjûging de winst by de famkes. Sy notearre de twa fierste ôfstannen. Har slotsprong fan 14,98, doe't se al wis wie fan de oerwinning, wie de bêste sprong fan de dei by de famkes.
Ek plak twa wie foar in Hollânske: Sanne Hoogenboom (14,17) bleau Nynke Kampen fan It Heidenskip flak foar (14,07).

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.