Demonstraasje yn Ljouwert tsjin úthongering fan Gazanen
Tsientallen minsken hawwe sneon demonstrearre yn Ljouwert tsjin de úthongering yn Gaza dy't op it stuit geande is.
De demonstranten hienen symboalysk lege pannen by harren, krekt sa't de situaasje dêr no ek is. Fierder hienen se spandoeken by harren.
De demonstranten hoopje mei harren aksje oandacht te lûken fan it publyk en beliedsmakkers om feroaring yn gong te setten.