Omrop Fryslân

Skiedsrjochter Van der Zee fynt neisleep reade kaarten heftich: "Hat ympakt op my hân"

Skiedsrjochter Henk van der Zee
© Martin de Jong Fotografie
Skiedsrjochter Henk van der Zee hat de beslissing naam om dit seizoen net mear yn aksje te kommen om't er "goed op himsels passe moat". "Dit is it my allegearre net wurdich. Ik fyn it sa moai om te dwaan, mar dit hat wol ympakt op my hân", seit Van der Zee.
Direkte oanlieding is de opskuor nei de twa reade kaarten dy't er de ôfrûne wiken jûn hat en de ferbale oanfarringen mei keatsers dy't dêrop folgen.
Goed in wike lyn krige Patrick Scheepstra in reade kaart fan Van der Zee. Dat barde nei in twa diskusjes oer in bal: se wienen it der net oer iens oft dy kwea of boppe wiene. Scheepstra krige twa kear in giele kaart.

Twadde kear yn koarte tiid

It wie de sechsde kear yn de skiednis fan it keatsen dat ien fan it fjild stjoerd waard, mar al de twadde kear dit seizoen. In moanne lyn krige Pieter van der Schoot in reade kaart, ek doe wie Van der Zee skiedsrjochter.
"Wat ik dien haw, dêr stean ik noch hieltyd hûndert persint efter. Want wat der gebeurd is mei dy twa reade kaarten: dat doch ik net samar", seit Van der Zee.
Mar de oandacht dy't dêrop folge ûnderfynt de skiedsrjochter as heftich: "Dat docht my sowieso wol wat. Dat is net wat ik ferwachtsje en eins ek noait hân haw. Dat is dit jier dochs wol in bytsje misgien. Dat hat my dochs wol in bytsje te pakken hân. Dêr hie ik gjin rekken mei holden."
De skiedsrjochter mei de reade kaart
© Martin de Jong
Van der Zee wol mei syn 'sabbatical' foarkomme dat er gjin goeie beslissingen mear nimt op it fjild. "As ik dêr oare wike wer hinne gean en dan blykt dat ik it noch net hielendal kwyt bin, dan stean ik dêr net mei in goed gefoel", seit er.
"Dan haw ik dêr in hiel soad lêst fan, mar de keatsers ek. Want dy wolle in skiedsrjochter hawwe dy't alles sjocht, neat misse wol en goed syn bêst docht."
De ferhalen dat Van der Zee oerspand wêze soe, binne fabels, sa seit er. "Dat byld dêr kloppet fansels hielendal neat fan. Ik bin net oerspand en ik bin sa fit as wat."

Sinjaal

Van der Zee is al 27 jier skiedsrjochter yn it keatsen, mar hy sjocht dat de omgongsfoarmen feroarje. "Twa reade kaarten jaan yn sa'n lyts skoftke, dat gebeurt al net sa faak. Miskien is dat in sinjaal. Ek nei de keatsers ta, mar ek nei oare skiedsrjochters. Miskien moatte we yngripe."
"Miskien haw ik in sinjaal jûn. Ik wit it net. Ik tink it wol", seit Van der Zee. De skiedsrjochter hopet syn aksjes wat teweibringe sille. "Miskien moatte wy (de keatsers en de skiedsrjochters, red.) dêr ûnderling ek mei-inoar in kear oer prate. Wie dit it allgearre wurdich? Nee, tuerlik net."
Van der Zee is fan doel om takom jier wer werom te kommen as skiedsrjochter.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.