Omrop Fryslân

Is Van Zwieten op tiid fit foar de PC of moat er syn plak ôfstean?

Menno van Zwieten yn aksje op De Rengersdei
© Dijks Media
De tiid dringt en in blessuere hâldt him dwaande. Menno van Zwieten wûn ferline jier de PC en docht der alles oan om dat dit jier wer foar inoar te krijen.
Dik trije wiken lyn yn Holwert gong it mis. By de haadklassepartij skeat it him yn syn ljisk.
Snein op de Rengersdei wûn Menno van Zwieten mei syn maten Rick Minnesma en Tjisse Steenstra. Yn de finale wiene se mei 5-3 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Johan Sipma.
Menno van Zwieten oer syn blessuere
Van Zwieten keatste yn Ljouwert trije omlopen mei, mar dat gong net sûnder pine.
Hoe gong it mei de ljisk?
"Bêst genôch. Oars hie ik hjir hjoed net keatst."
Is it sûnder pine dan?
"Nee, dat net."
Mar wol bêst genôch?
"Ja."
Help my efkes. Dit snap ik net.
"De oanhechting fan de ljisk is gewoan hiel ferfelend. De pees herstelt hiel traach. Dus as je fol gas dêr oanlûke, dan herstelt it net. Dus ik moat it binnen de perken belêste. En dat gong hjoed bêst."
Mar hoe soarchlik is dat dan?
"Net."
Hoe grut is de kâns datst de PC hellest?
"Hûndert prosint."
Jan Tymen Eisma waard yn de twadde omloop útskeakele op de Rengersdei
© Dijks Media
Van Zwieten syn partoer wûn dit seizoen de measte earste prizen: fiif stiks mar leafst. Dêrmei binne sy ek no wer de favoryt foar de PC fan 30 july. Al fynt Van Zwieten sels net dat sy it te kloppen partoer binne.
"De prizen binne reedlik ferdield. Poets dy oaren seker net út. It is faak ek wat de foarm fan de dei."

Pleatst foar de PC, mar ek út it partoer smiten

It oerkomt Jan Tymen Eisma. De 20-jierrige keatser út Frjentsjer pleatste him hjoed definityf foar de PC mei syn maten Remmelt Bouma en Gerben de Boer. Mar hy krige ek te hearren dat se nei de PC net mei him fierder wolle.
Eisma wurdt ferfongen troch Evert Pieter Tolsma. Dy joech ferline jier noch oan dat er ophâldt.
De boadskip kaam hurd oan by Eisma. "Gerben frege my oft ik efkes belje koe en doe kaam hy mei it nijs. Dat is wol lestich. Ik hie der wol muoite mei. Ik snap de kar net. Dat witte se ek. We ha in moai partoer en ik fyn dat je stelle foar in hiel jier. We ha gjin rûzje of sa. Dus it kaam wol as in ferrassing."

Fan teloarstelling nei blydskip

Freed krige hy min nijs, mar snein kaam der goed nijs by. Hy pleatst him definityf foar de PC. Mei syn maten, dêr't er dus nei de PC net mear mei keatst.
Jan Tymen Eisma oer wêrom't hy út it partoer setten is
"We ha it hiele seizoen op de haadklasse stien. Dan ferwachtest net datst oant de lêste dei der noch om stride moast. We hiene hjoed ien omloop nedich. Dus dan is it wol lekker dat it dan goed komt."
En ha se wat te sykjen op de PC?
"Ik tink dat we mei in reedlik lot fier komme kinne. We ha sjen litten dat we tsjin de toppartoeren goed keatse kinne. En we ha ek wolris wûn. Dus as we in goeie dei ha, kinne we fier komme."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.