Marrit Zeinstra wol noch "even neitinke" oer comeback op de PC
Louise Krol, Marrit Zeinstra en Sjanet Wijnia ha it keatsen yn Makkum wûn. It praat nei ôfrin gie benammen oer Zeinstra har plannen yn augustus. Is se beskikber op de Frouljus PC bygelyks?
Krol, Zeinstra en Wijnia wienen yn de finale yn Makkum fierstente sterk foar Anna Ennema, Iris Oosterbaan en Fiera de Vries: 5-0, 6-0.
It trio Krol, Zeinstra, Wijnia, wûn woansdei yn Minnertsgea de frije formaasje ek al. Zeinstra is yn it partoer de ferfanger fan Gerde Lycklama à Nijeholt, dy't de rest fan it seizoen útskeakele is mei in krúsbânblessuere.
Noch gjin dúdlikheid oer ferfolch seizoen
Marrit Zeinstra docht oare wike yn Arum ek noch mei yn it partoer fan Krol en Wijnia. Dêrnei is se trije wiken net beskikber. "Ik ha oare plannen."
Krol, Wijnia en Lycklama à Nijeholt wûnen ferline jier de Frouljus PC, mar troch de swiere blessuere fan Lycklama à Nijeholt kinne se dy titel as trijetal dit jier net ferdigenje.
En dus sykje Krol en Wijnia in ferfanger. Zeinstra wurdt in dreech ferhaal: sy wol "eins net" op de PC keatse dit jier. "Dat doel ha ik net."
Zeinstra wol noch "even neitinke"
As Zeinstra frege wurdt nei har beskikberheid foar de PC, jout se lykwols gjin 100 prosint útslútsel. "It is in nee. Mar goed, ja... Ik ha nee sein, mar ik ha ek sein dat ik noch wol even neitinke wol."
Zeinstra is twa jier lyn opholden en seit it keatsen net te missen. Doe't se koartlyn frege waard as ferfanger, woe se wol in koarte comeback meitsje.
"Minnertsgea is myn favorite wedstriid, Makkum is leuk. Mar ik wol echt net elk wykein mear op it fjild stean. Ik bin net foar neat opholden."
Wa't Krol en Wijnia meinimme as ferfanger nei Weidum op 20 augustus, wurdt dêrom pas letter bekend. It is earst wachtsjen op wat Zeinstra takom wike nei de wedstriid yn Arum seit.