Omrop Fryslân

Jorrit kaam yn 2001 foar it earst yn Yslân: "Ik tocht, dit liket my wol wat"

Jorrit de Jager yn Yslân
© eigen foto
Bierbrouwe en genietsje fan it útsicht. Sa komt Jorrit de Jager (48) fan Skearnegoutum syn dagen yn Yslân wol troch. Hy wennet yn totaal al sa'n tweintich jier yn it lân fan geisers en fulkanen.
Wy praten fjouwer jier lyn foar it earst mei him. Doe wurke er noch by de post en wie bierbrouwen syn hobby. "Dy hobby wie eins út needsaak", seit Jorrit der fluch by.
"Want it bier dat se hjir yn Yslân hiene, wie neat." Dat it wie of djoer bier keapje, dat ymportearre wurde moast, of sels de hannen út 'e mouwen stekke.
Sa kaam er yn 'e kunde mei it brouwersfak. Sa'n trije jier ferlyn koe er oan 'e slach by in brouwer yn 'e buert. Dat koe om him wol.
"Sels makke ik twa of trije kear yn it jier ris tweintich liter, no meitsje we 2.000 liter op in rêstige dei."

Seisbaansdiken

Jorrit komt fan it plattelân, fertelt er. "Tusken Skearnegoutum en Turns, by Snits. Nei in oplieding yn Arnhem haw ik yn Amsterdam wurke. Dêr hiest alle dagen seisbaansdiken dy't ticht stiene. Ik tocht: ik moat hjirwei."
Troch in eardere freondinne seach er yn 2001 foar it earst yn Yslân. "Dat like my wol wat, je binne jong en je probearje dat mar."
De relaasje rûn stikken. "Sy is weromgien, in bin hingjen bleaun." Yn 2008 is er troud mei syn Yslânske frou Elva. Se reizgen noch wat rûn, mar bedarren úteinlik wer yn Yslân, yn it plakje Árskógssanður.
Yslân wie net perfoarst syn dream, "mar ik krij noch wolris te hearren dat ik my oeral thúsfiele kin."
In rivierke yn Yslân
© Jorrit de Jager
Wat by emigrearjen faak wol in obstakel is, is de taal. En de Yslânske taal stiet bekend as in aardich drege taal.
Trochdat Yslân lange tiid hast gjin kontakt hie mei oare talen, liket it Yslânsk noch mear op âlde Skandinavyske talen.
Jorrit kin him nettsjinsteande goed rêde. "Myn tip: wês allinnich. Ast allinnich bist, kinst der net ûnderút. Ik wurke yn it begjin by in tomatetylder. Doe hiest noch gjin iPhone en as de cd-spiler leech wie, harke ik nei de Yslânske radio, of nei kollega's."
It is itselde soart folk. Se gedrage harren itselde en lykje opinoar.
Jorrit de Jager oer Yslanners en Friezen
Hy praat no goed genôch Yslânsk "om guon minsken in pear minuten foar de gek te hâlden", fertelt er. Wat neffens him ek helpt, binne de oerienkomsten tusken Yslanners en Friezen. "It is itselde soart folk. Se gedrage harren itselde en lykje opinoar."
Sa fûnen Friezen syn Yslânske frou wolris lykjen op Fryske kunde. Oarsom krige Jorrit yn Yslân wolris de fraach oft hy echt net dyjinge wie fan dy en dy buorkerij, in doarp fierderop.
De talen lizze neffens him ek tichtebyinoar. Syn frou hat yn Nederlân wol wat Nederlânsk oppikt. "Mar as ik Frysk mei myn kamraten prate, koe se dat faak noch better folgje."
Utsicht fanôf Katlafjall, mei it eilân Hrísey en dêrfoar oan de kust it doarpke Árskógsanður
© Jorrit de Jager
It is no simmer yn Yslân. "It waar is op it stuit wat nuver, wat near. De wyn stiet sa dat wy hjir oan de noardkant wat reek krije fan de fulkaanútbarsting yn it suden."
Alles byinoar fynt er it "klam". As wy belje is it sa'n 14 graden. "Yn it suden wie it fan 'e wike 26 graden. Hjir yn Yslân is dat waarm."

Flak ûnder de poalsirkel

"As it hjir boppe de 16 graden is, dan sitte de bern yn 'e ûnderbroek yn 'e rivier om ôf te kuoljen", laket Jorrit. Sa flak ûnder de poalsirkel binne se dat net wend.
Al mei al foldocht it him bêst tusken de bergen. Oft er noch wolris yn Fryslân komt? "Net faak genôch. Ik mis it noch bêst faak."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.