Omrop Fryslân

Boargemaster fan gemeente Ballonfeesten kin sels net mei yn it kuorke: "Ik ha hichtefreze"

Waarnimmend boargemaster De Fryske Marren Klaas Agricola
© Omrop Fryslân
De Friese Ballonfeesten op De Jouwer binne yn folle gong. Op de earste dei waard in nije ballon presintearre mei in Fryske flagge derop. De boargemaster fan De Fryske Marren koe lykwols net mei de loft yn.
Klaas Agricola is sûnt novimber waarnimmend boargemaster fan De Fryske Marren, mar oan ien fan de grutste eveneminten yn syn gemeente kin er net folslein meidwaan.
"Ik bliuw op de grûn", sei Agricola doe't er by de ballon stie. "Ik ha hichtefreze. En se sizze wol: yn in ballon falt dat wol wat ta, mar ik kin healwei net sizze: ik gean mar wer nei ûnderen. Dus ik ha sein: ik lit it wol oan in oar oer."
De nije ballon mei Fryske flagge
© Bram van der Sluis
Kommissaris fan de Kening Arno Brok mocht de nije ballon dope, mar stapte ek net yn it kuorke.

Te djoer

"Ik hie wol graach wollen, mar dat moat ik gewoan net dwaan. Sa'n kaartsje is gewoan te djoer. Wy ha in regel dat wy allinnich in bosk blommen of in fleske wyn krije kinne, mar net fan dy djoere dingen."
Sjoch hjir nei bylden fan ûnder mear de nije ballon:
De Fryske ballon yn de loft
Dêrom hat er syn plak oan in Belgyske toerist jûn dy't tafallich woansdei har jierdei hie.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.