Junior Michiel Zijlstra is nije Kening fan Burgum, Nina van der Vliet earste Prinses
Michiel Zijlstra is de nije Kening fan Burgum. By it Keningsljeppen kaam de junior ta 21,48 meter en dêrmei bleau er alle senioaren foar.
Dit jier wie der, njonken titels foar Kening, Keninginne en Prins, ek foar it earst in Prinsessetitel foar de fierste ljepper by de famkes.
Nina van der Vliet mei har de earste Prinses fan Burgum neame. Yn har wenplak ljepte se mei har lêste finalesprong nei 13,91 meter, in persoanlik rekôr. Dêrmei bleau se Nynke Kampen (13,63) en Janna Galema (13,43) foar.
Sjoch hjir nei it Keningsljeppen:
By de manlju ljeppe de senioaren en de junioaren yn deselde kategory. De senioaren binne it wend dat in junior fierder ljept, want dat docht Germ Terpstra hast elke wike.
Terpstra wie der hjoed net by (hy kiest dit wykein foar de Zwarte Cross), mar Michiel Zijlstra kin it ek. Syn 21,48 is boppedat in skânsrekôr foar junioaren. Hy ljepte de 21,38 fan Reinier Overbeek út 2019 út 'e boeken.
It twadde plak wie op grutte ôfstân foar Hannes Scherjon (19,13). De winner fan ferline jier, Bauke de Jong, waard mei 19,01 no tredde.
Marrit van der Wal pakte de titel by de froulju. Doe't se oan har lêste finalesprong begûn, wist se dat se fierder ljeppe moast as de 15,47 fan Femke Rispens.
Dat slagge har krekt: se hold tolve sintimeter oer. Sigrid Bokma waard tredde (15,23).
Ek by de jonges kaam it op de lêste sprongen oan. Jorrit Bouwstra helle út mei 19,48, wat foar him in ferbettering fan 30 sintimeter fan syn persoanlik rekôr betsjutte. It wie genôch foar de winst, want Reinder Haanstra (16,99) en Hidde Galema (15,02) kamen net yn 'e buert.
Regels by it Keningsljeppen
De dielnimmers moatte harren earst pleatse foar de finaleronde. By de manlju binne der fiif finaleplakken, by de froulju, jonges en famkes trije.
Yn de finale begjint eltse ljepper wer op nul. De finalisten krije allegearre trije sprongen om de fierste ôfstân del te setten.
Ljeppers út de twadde of tredde klasse dy't middeis in ôfstân delsette dy't fier genôch is foar in finaleplak, meie jûns meidwaan oan de einstriid.