Omrop Fryslân

Tall Ships Races nimt takom jier Fryske skoaljeugd mei: 580.000 euro fan de provinsje

Tall Ships Races
© Omrop Fryslân
Fryske jongelju tusken de 15 en de 25 jier krije de kâns om takom jier mei te silen yn de Tall Ships Races. De provinsje hat dêr 580.000 euro foar frijmakke.
De syltocht set útein yn Aarhus (Denemarken) en nimt skoalbern mei nei Harns, Antwerpen, Stavanger (Noarwegen) en Aalborg (Denemarken). De bedoeling is dat se op reis in soad ûnderfining opdogge.
It ynternasjonale evenemint fynt plak tusken 3 en 6 july 2026. De provinsje hat Stichting Harlingen Sail in finansjele bydrage jûn.
Deputearre Friso Douwstra hat de organisaasje frege om spesifyk romte te meitsjen foar skoalbern út húshâldens mei in smellere beurs en mear praktyske opliedingen.

Fergees hâlde foar publyk

Njonken it stimulearjen fan in gruttere groep jongerein om mei de skippen mei te gean, is de ynvestearring ek bedoeld om it evenemint te ferduorsumjen.
De organisaasje fan de Tall Ships Races seit dêrneist dat it ekstra jild fan de provinsje helpt om it evenemint foar it grutte publyk fergees te hâlden.
Yn 2022 kamen de gigantyske sylskippen fan de Tall Ships Races ek al nei Harns. It evenemint luts doe 300.000 besikers nei de Fryske havenstêd.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.