Omrop Fryslân

Plysje surveillearret ekstra nei autobrannen yn Ljouwert, sjoch hjir wêr't auto's útbrânden

Auto útbrând yn Ljouwert
© CAMJO media
De plysje surveillearret de kommende tiid ekstra yn Ljouwert fanwegen it tal autobrannen de ôfrûne tiid. Ofrûne wykein rekken noch twa persoane-auto's en in camper skansearre by in brân oan it Van Harinxmaplein yn de stêd.
De ôfrûne twa moannen wienen der yn elk gefal acht meldingen fan autobrannen yn Ljouwert. Dat is de plysje ek opfallen. Der binne noch gjin fertochten oanholden, mar de plysje neamt brânstichting yn dizze saken in hiel reëel senario. Oft de saken mei-inoar te krijen hawwe is neffens de plysje net dúdlik.
De plysje docht in oprop oan Ljouwerters om by in fertochte situaasje direkt kontakt op te nimmen mei de plysje. Dat mei op it neednûmer 112. "Op die manier kunnen wij zo snel mogelijk ter plaatse komen", seit in wurdfierder.
Op dizze acht lokaasjes hawwe sûnt 15 maaie autobrannen west:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.