Omrop Fryslân

In keatsmastodont hâldt nei 23 jier op as foarsitter: "Ik deed 't altyd in 't belang fan de kaatssport"

Lammert Leeuwen by it keatsen yn Boalsert snein
© Dijks Media
Lammert Leeuwen út Boalsert tsjinne de keatssport yn totaal 23 jier as foarsitter fan in feriening. Earst yn Sint Jabik en de ôfrûne perioade yn Boalsert. Mar no is it klear. Leeuwen leit de foarsittershammer nei 23 jier del.
Leeuwen is in opmerklike ferskining yn de keatswrâld. Syn postuer lit net ta dat je samar om him hinne kinne; syn rjocht-foar-de-raap-mienings steane dat ek net ta.
Want Leeuwen is yn de keatswrâld bepaald gjin grize mûs. Hy lit him hearre as hy tinkt dat soks nedich is.
Lammert Leeuwen (links) mei it winnende partoer fan Boalsert op de Freule fan ferline jier
© Dijks Media
As Leeuwen (67) spreekt, dan is it dúdlik. Syn miening is syn miening en dat uteret hy op net mis te fersteane wize. Leeuwen is in Bilkert en dy binne no ienkear sa, neffens him.
"Ik kom út De Westhoek en der staan wij niet bekind as mînsen die't om de hite brij hine draaie. 'n Bitsy krom is niet recht."

23 jier foarsitter

Fan 1994 oant en mei 2002 stie Leeuwen oan it haad fan keatsferiening Het Noorden út Sint Jabik en fan 2012 oant en mei 2025 fan keatsferiening Boalsert.
Dy streekjrochte benadering komt by oare minsken wolris hurd oer, sa wit ek de skiedend foarsitter.
"Dat wort teugenworig niet meer op priis steld. Ik bin fan mening dat je gerust 'n keer op de kloaten krije mâge. Der worre je over 't algemeen niet minder fan."
De Algemene Ledebijeenkomst fan de kaatsbond is 'n applausmesine.
Skiedend foarsitter Lammert Leeuwen
Op de jierlikse algemiene ledegearkomste fan it keatsbûn liet Leeuwen him meastentiids ek wol hearre. Der binne guon minsken dy't fûnen dat hy him graach profilearje woe.
"At ânderen dat fine, dan is dat hur saak", seit Leeuwen. "Die intînsy hew ik nooit had. Meskien kwam 't wel soa over, maar dat waar nooit myn bedoeling."
"Ik deen 't altyd in 't belang fan de kaatssport. Maar op die Algemene Ledefergadering kist niet meer goed diskussere over 'n onderwerp. D'r wort nag al wat tiid inrúmd foor omballings. De AV is in myn ogen foor 't groatste part ferworren tot 'n applausmesine".
Tymen Bijlsma, Sylvan Elzinga en Allon Elzinga wûnen dit jier foar Boalsert it NK jongeskeatsen
© KV Boalsert
En der binne saken dêr't Leeuwen him noch altyd drok om meitsje kin. "Nim de ranking. Die is niet eerlik. D'r wort rekend met 'n feul te korte perioade. Nou kinne je met een sery kaatsen, as 't 'n bitsy met sit, de PC nag hale."
Ek it saneamde 'eenlingenbeleid', wêryn't jeugdkeatsers dy't yn eigen doarp gjin maten hawwe keatse meie foar in buerdoarp, kin gjin genede fine yn de eagen fan Leeuwen. "Ferenigings worre loi om de jeugd op te leiden."

Suksesfol

Yn de bestjoersperioade fan Leeuwen hat de keatsferiening Boalsert in protte suksessen boekt: fjirtjin titels, wêrûnder de Jong Nederland Partij, famkes pupillebûnspartij, twa kear Freule Partij, jonges en famkesbûnspartij, Jong Fammepartij.
De moaiste? "Dat binne se allegaar, maar at ik dan dochs kieze mot, dan is dat de wînst op de Freule fan 2024. Silvan Elzinga en Tymen Bijlsma hew ik nag as klaine jonges 't feld op kommen sien. En ik hew de eer had om deuze jonges ses jaar te begelaiden. Bij deuze overwinning skiete mij nag altyd de tranen in de ogen. Deuze sil ik nooit fergete."
KV Boalsert wûn ferline jier de Freule mei Silvan Elzinga, Tymen Bylsma en Jurre Reitsma
© Dijks Media
It lêste jier fan Leeuwen as foarsitter is Bolsward ekstra suksesfol. Winst wie der allinnich al dit jier op de skoalfamkesbûnspartij, de jongesbûnspartij, de pupillebûnspartij en op de Jong Famme Partij.
Leeuwen sjocht ek noch efkes werom op it grutste sukses yn syn tiid yn Sint Jabik. "De Freulewînst fan 1999, met Taeke Triemstra, Douwe Hogenhuis en Willem Veenstra. Wat 'n mînsen waren der doe op 'e dyk doe't wij werom kwammen út Wommels. Dat is in Bolsward wel âns. Maar 't is ok 'n ândere tiid fansels."

Famyljesaak

It geande hâlden fan de keatsferiening yn Boalsert liket op in famyljesaak. Lammert is de foarsitter; syn partner Clara ponghâlder. En beiden binne nochal sichtber op de fjilden.
Leeuwen draait der net omhinne. "Clara is al 13 jaar pinningmeester. Sij en ik binne, dink ik, wel 't gesicht fan de kaatsferening Bolsward. At 't even mooglik is, dan is in elk gefal een fan ôns anwezig wer't 'n partuur fan Bolsward kaatst. Wij noeme dat klupliefde."
"Maar 't betekent fansels niet dat wij de ferening met syn tweeën gaande houwe. Dat is onmooglik. D'r sit nag 'n hele batterij an frijwilligers achter. Sêg maar de stille krachten. En die mâge wij niet en nooit fergete."
Lammert Leeuwen en Clara Houtsma
© Dijks Media
Leeuwen sjocht mei in posityf gefoel werom op al dy jierren, mar hâldt op mei in reden. Mear as ien sels.
"As eerste: Ik bin nou 67 jaar. Fysyk wort 't niet beter en ik wil niet as 'n ouwe man over 't feld lope. As tweede: Wij binne de lêste jaren nooit in de seumerperioade op fekânsy weest. Wij wille nou in de seumerperioade nag mooie dingen doen. Wij binne nou nag gesond."
"En as darde: de 'individualisering' fan de maatskappij. Dat sien ik ok werom in de kaatssport. Ik bin groat worren in de tiid fan Den Uyl. Ik bin aigenlik 'n kynd fan Den Uyl. Met syn allen perbere wat te beraiken. Maar de mînsen binne hyltyd meer interesseerd in 't aigen."

"Gjin bejaarden"

De fraach is oft der al in opfolger is. "Niet een soa't ik 't doen. Dat likent mij frijwel onmooglik. 't Is in moeisem perses. Maar de boel mot al deurdraaie. 'n Oplossing sou weze kinne at d'r meer met kommissys werkt wort. Maar of dat werkt? Myn erfarings binne niet soa posityf."
Sjogge we Leeuwen nochris werom yn de keatswrâld? As lid fan 't haadbestjoer fan it keatsbûn miskien? "Ik dink al dat ik 't misse sil. Maar goed, dat is 'n perses en dat sil wel goedkomme. Hoofdbestuur is útsloaten. D'r is te feul gebeurd. Bovendien fyn ik dat 't hoofdbestuur niet opboud worre mot met bejaarden."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.