Syktocht nije boargemaster Dantumadiel stillein: net genôch geskikte kandidaten
Der komt foarearst gjin nije boargemaster yn Dantumadiel. Der ha net genôch geskikte kandidaten reagearre op de fakatuere. Dêrom hat kommissaris fan de Kening Arno Brok besletten om de proseduere stil te lizzen.
De kommissaris hat dat 'yn goed oerlis mei de betrouwenskommisje fan Dantumadiel besletten', sa lit de provinsje Fryslân freedtemoarn witte. Pas nei de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier sil de fakatuere opnij iepensteld wurde, as de minister dêrmei ynstimt.
Der hiene mar fiif minsken reagearre op de fakatuere.
It is neffens de provinsje goed tsien jier lyn dat sa'n boargemastersproseduere foar it lêst stillein waard, om't der net genôch geskikte kandidaten binne. Doe barde dat op Flylân.
Bestjoerskrisis
Neffens Brok hat de resinte politike situaasje yn Dantumadiel net in posityf effekt hân op it tal kandidaten. In wike nei de iepenstelling fan de fakatuere wie der in bestjoerskrisis yn de gemeente. De fraksje fan de ChristenUnie luts him ein april werom út de koälysje.
Op dit stuit is Anja Haga waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel. Sy sil ien jier langer oanbliuwe, oant der in Kroanbeneamde boargemaster fûn is.
Ald-boargemaster Klaas Agricola gie ferline jier nei sân jier nei in oare gemeente. Hy folge Fred Veenstra op yn De Fryske Marren as waarnimmer. Nei it fuortgean fan Agricola naam Haga yn novimber foarich jier it stokje oer yn Dantumadiel.