Omrop Fryslân

Auto brânt út yn Ljouwert, plysje docht ûndersyk

De brânwacht hat it fjoer hast út
© CAMJO Media
Yn de Ljouwerter wyk Huzum is freedtemoarn opnij in auto útbrând. Earder dizze wike barde dat ek al. Buertbewenners ûntdutsen de brân oan de Van der Veldestrjitte om in oere as fiif hinne.
De auto is bot skansearre rekke. Omwenners ha earst besocht it fjoer út te meitsjen en doe't de brânwacht der wie hat dy it oernommen.
De plysje sil ûndersyk dwaan nei de brân.
Mear 112-nijs fynst yn ús livebloch hjirûnder:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.