Omrop Fryslân

Keatser Pieter van der Schoot krijt twa wedstriden skorsing nei reade kaart

Pieter van der Schoot
© Dijks Media
Keatser Pieter van der Schoot wurdt foar twa wedstriden skorst. Dat hat de strafkommisje fan it keatsbûn KNKB woansdei besletten.
De keatser krijt dizze skorsing nei oanlieding fan in reade kaart dy't hy krige fan skiedsrjochter Henk van der Zee op de frije formaasjepartij op 15 juny yn Sint Jabik. Der ûntstie in diskusje oer in bal dy't boppe of kwea wie. Van der Zee naam in beslissing yn it neidiel fan Van der Schoot.

Ferskillende mieningen

Fan dat momint ôf rinne de mieningen sterk útinoar. Van der Schoot seit dat hy de beslissing fan de skiedsrjochter doe 'in achterlike beslissing' neamd hat . Skiedsrjochter Van der Zee hearde dat Van der Schoot sei dat hy 'it in achterlike skiedsrjochter' fûn.
Boppedat hat Van der Zee yn syn rapportaazje oanjûn dat Van der Schoot, yn de diskusje dy't folge op de omstriden slach, fysyk kontakt makke mei Van der Zee.
De skiedsrjochter mei de reade kaart
© Martin de Jong
Van der Schoot ûntkent dat mei krêft. "Dat is nooit gebeurd. Nergens. Niet één keer", sa skriuwt hy oan de KNKB. En Van der Schoot bliuwt derby dat hy net de skiedsrjochter, mar de beslissing achterlik neamd hat.
In krúsjaal ferskil neffens de keatser, dy't him ek lilk makket oer it feit dat skiedsrjochter Van der Zee letter op de dei foar fotografen posearre hat mei in reade kaart.
Van der Schoot: "Na het uitdelen van de rode kaart had de heer Van der Zee er geen enkele moeite mee om lachend met dezelfde kaart te poseren voor de camera's van aanwezige journalisten. Alsof het hier om een persoonlijke show ging en niet om het goed begeleiden van een sportwedstrijd. Een scheidsrechter die zichzelf belangrijker maakt dan de wedstrijd is een risico voor het spel."

Utspraak

De strafkommisje hat neat dien mei de arguminten fan Van der Schoot en folget mei de útspraak folslein de rapportaazje fan de skiedsrjochter.
Yn de motivaasje fan de útspraak stiet: "De kaatser heeft zich onbehoorlijk gedragen door tijdens de wedstrijd, na een zijns inziens foute beslissing tegen de heer Van der Zee te zeggen dat hij een achterlijke scheidsrechter is en door lichamelijk contact te maken met deze scheidsrechter."

Net yn berop

Van der Schoot wurdt skorst foar twa wedstriden, mei noch twa wedstriden ûnder betingst.
De skorsing jildt foar in earste klasse ôfdielingspartij yn Rie op 13 july en in earste klasse trochinoar-lotterspartij yn Peazens-Moddergat op 19 july.
Pieter van der Schoot giet net yn berop tsjin de útspraak fan de strafkommisje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.