Reade kaart by it keatsen yn Sint Jabik, fiifde kear yn histoarje fan de sport
By it keatsen yn Sint Jabik is in reade kaart útdield. Pieter van der Schoot fan Seisbierrum krige de reade kaart fan skiedsrjochter Henk van der Zee. Dêrmei is Van der Schoot noch mar de fiifde keatser ea dy't in reade kaart krijt.
Wat der krekt bard is, is net folslein dúdlik. De útlis fan de skiedsrjochter en Van der Schoot ferskille nammentlik. Wat wol dúdlik is, is dat de skiedsrjochter sei dat de bal kwea wie, wylst Van der Schoot fûn dat er boppe wie.
Neffens Van der Schoot hat hy doe tsjin de skiedsrjochter sein dat er it in 'achterlijke beslissing' fûn. Neffens skiedsrjochter Van der Zee hat Van der Schoot 'achterlijke scheids' sein. Neffens de skiedsrjochter rûn Van der Schoot ek noch twa kear tsjin him oan, ien kear foar it jaan fan de reade kaart en dêrnei wer.
Ferlern mei man minder
Van der Schoot mocht nei de reade kaart net fierder keatse en dêrom moasten Jelle Attema en broer Kees van der Schoot tegearre troch. Sy ferlearen de wedstriid mei 5-5 en 6-2 fan Johan Diertens, Jelle Cnossen en Jari Visser.