Sipma, Van Popta en Kootstra winne keatserij yn Sint Jabik
Johan Sipma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra hawwe de haadklassewedstriid yn Sint Jabik wûn. Yn de finale wienen de keatsers mei 5-1 en 6-2 te sterk foar Corné Tuinenga, Yoram Elzinga en Klaas Pier Folkertsma.
Sipma-en-dy kamen yn de finale mei in steand nûmer. Tuinenga, Elzinga en Folkertsma wûnen yn de heale finale mei 5-4 en 6-2 fan Remmelt Bouma, Gerben de Boer en Jan Tymen Eisma.
Ek de froulju kamen hjoed yn Sint Jabik yn aksje. De haadklassewedstriid dêr waard wûn troch Roelie Kroondijk, Jeska Terpstra en Manon Scheepstra. Se wienen mei 5-5 en 6-4 krekt te sterk foar Johanna de Boer, Louise Krol en Sjanet Wijnia.