Pieter Jan Leijenaar is nei operaasje werom op it keatsfjild: "Hartstikke lekker"
Pieter Jan Leijenaar belibbe snein syn weromkear op de haadklasse yn Sint Jabik. De 24-jierrige achterynse rekke op tongersdei 15 maaie mei spoed yn it sikehûs mei in akute bline term ûntstekking. Nei in operaasje is hy presys in moanne letter wer fit genôch om op it heechste nivo te keatsen.
It seizoen begûn noch geweldich foar Leijenaar. Mei syn maten Marten Bergsma en Hessel Postma pakte hy op de earste frije formaasjepartij yn Frjentsjer de earst priis. En hy waard kening fan de partij. It wie syn earste keningskip op it heechste nivo.
Mei spoed opnaam
Mar op 15 maaie gie it mis en kaam der foarearst in twongen ein oan de sportive aspiraasjes fan Leijenaar. Op dy dei waard hy mei spoed opnaam yn it sikehûs mei in akute ûntstekking fan 'e bline term.
"Ik wie der moai op tiid by", fertelt er. "Ik hie wat lêst fan de búk en moast tafallich nei de dokter. Ik sei: 'Do meist wolris fiele wat dit is'. Hy drukte twa kear en sei: 'bline term'."
Pieter Jan Leijenaar oer syn bline term
"Middeis lei ik al op de operaasjetafel. Ik wist ek net dat ik sa'n ding hie, mar as der in ûntstekking is, dan moat hy derút."
De operaasje ferrûn goed. Mar keatsen like lange tiid gjin opsje foar de talintfolle achterynse, dy't der sels op tidige om foar de PC op 30 july wer fit te wêzen.
Wylst Leijenaar wurke oan syn herstel pakten Bergsma en Postma mei ynfaller Evert Pieter Tolsma de oerwinning yn Sint Anne.
Aneursyma yn de harsens
De bline term wie net it earste medyske leed foar Leijenaar. Op oan de ein fan de simmer fan ferline jier waard hy ek al mei spoed opnaam yn it sikehûs. Doe hie hy in aneurysma yn de harsens.
It seach der doe frij earnstich út. "Ik fielde op in jûn wat knappen yn myn holle. Ik hie dêrnei bot pine yn 'e holle. Ik hie de keatsklean al oan, mar myn freondinne sei dat ik earst mar efkes nei it sikehûs moast. En foar't ik it wist lei ik al yn Grins."
"Der siet in gatsje yn de slachier", fertelt Leijenaar oer de diagnoase. "Dat is gelokkich út himsels wer begûn te stjurren. Ik bin hielendal net út de tiid west of sa."
Werom yn Sint Jabik
Ofrûne tongersdei liet Leijenaar witte dat hy yn Sint Jabik nei in jier fan tsjinslaggen wer op it fjild stean soe.
"Ik haw twa wiken thús sitten en doe bin ik wer oan it wurk gean. En dizze wike haw ik it trainen wer wat oppakt. Woansdei haw ik op tachtich prosint traind en dat gie goed. Ik haw nearne hinder fan. Dus dan mei ik yn prinsipe wol sporte."
It is hartstikke lekker om der wer tusken te stean.
Sportyf sjoen waard it yn Sint Jabik gjin sukses foar de formaasje fan Leijenaar. Sy sneuvelen yn de twadde omloop tsjin de lettere winners Johan Sipma, Gabe Jan van Popta en Hendrik Kootstra.
Mar Leijenaar is bliid dat it medyske leed yn elts gefal achter him liket te lizzen. "It is hartstikke lekker om der wer tusken te stean."