Omrop Fryslân

Tropyske temperatueren by Into the Grave: "Niet meer een uitzondering"

In festivalbesiker op Into the Grave mei bier yn 'e hân
© Omrop Fryslân
Dêr't hast elkenien mei temperatueren om de 30 graden hinne langet nei in strân of in terras, sykje metalfans it dit wykein earne oars. It metalfestival Into the Grave set útein, mei hege temperatueren.
Foar de organisaasje binne dizze temperatueren net ûngewoan, seit organisater Paul van Berlo fan Into the Grave: "Het warme weer is tegenwoordig niet meer echt een uitzondering."
De organisaasje treft dêrom net oare maatregels as normaal. "We hebben water en schaduwplekken en adviseren mensen om veel water te drinken. Dat doen we altijd en is eigenlijk niks nieuws. Mensen zijn ook gewend om meer te smeren en te drinken."
Metalfestival Into the Grave mei hege temperatueren
Dochs binne de tropyske temperatueren dit wykein wol útsûnderlik. Gewoanwei wurdt de grins fan 30 graad pas in pear wiken letter oantikke. Yn 'e rin fan 'e dei waard sels bekend dat it de waarmste 13 juny is sûnt it begjin fan de mjittingen yn 1906.

Hieltyd faker ekstreme hjitte

Dat Fryslân lykas de rêst fan Nederlân hieltyd faker te krijen hawwe sil mei hjitte, is ûnderwilens befêstige troch ûndersyk fan it KNMI. Sûnt de jierren '80 is de kâns om bleatsteld te wurden oan ekstreme hjitte mear as ferdûbele, en de ferwachting is dat dy kâns yn de kommende desennia allinnich mar grutter wurdt.
Benammen âlderein, jonge bern en minsken mei in broazele sûnens krije dêr lêst fan, mar ek sporters op sporteveneminten en helpferlieners fan plysje, brânwacht en ambulânse, dy't ek mei hege temperatueren wurkje yn swiere, waarme klean.
Festivalgongers op Into the Grave
© Omrop Fryslân
Ferline wike presintearre it demisjonêre kabinet dêrom de Hjitte oanpak 2025: neffens dat plan moat it oantal minsken dat komt te ferstjerren troch de hjitte yn 2050 mei de helte ôfnommen wêze. Elts spilet dêr in rol yn: it regear, gemeenten en dosels.

Lokale hjitteplannen

Ien fan de útgongspunten is dat eltse gemeente yn Nederlân in lokaal hjitteplan opstelt. Ommers, gemeenten binne goed op 'e hichte fan wêr't kwetsbere groepen minsken (lykas âlderein) wenje.
Ek witte gemeenten goed wêr't se it bêste beamte en oar grien plantsje kinne: fergriening fan wenwiken is ien fan de bêste wizen om de hjitte tsjin te gean.
Dochs die fan 'e wike bliken dat noch mar 90 fan de 342 Nederlânske gemeenten sa'n lokaal hjitteplan ûntwikkelje litten hat. Yn ferliking mei trije jier lyn is dat in groei fan 300 prosint, mar it is noch hieltyd net genôch: de kommende trije jier moat dat getal yn alle gefallen ferdûbelje.

Hjittekrêftskaal

Undertusken wurket it KNMI oan it ûntwikkeljen fan in hittekrêftskaal, dy't rint fan 1 oant 10. De skaal moat yn kaart bringe hoe belêstigjend de hjitte is op dy dei. Dêrby is net allinnich temperatuer liedend, mar ek loftfochtigens, sinnestrieling en wyn wurde meinommen. Yn 2026 moat de skaal fan krêft wurde.
Gjin inkelde Fryske gemeente hat eksplisyt sa'n lokaal hjitteplan opsteld. Tytsjerksteradiel, Smellingerlân, Dantumadiel en Harns hawwe wol in duorsumheidsprogramma of in klimaatadaptaasjeplan.
Yn dy plannen spilet hjitte en hjittestress oer it generaal in lytse rol.
Allinnich gemeente Ljouwert hat him eksplisyt ta doel steld om hjittebestindiger te wurden en hat dêrfoar in wiidweidich fergrieningsplan yn wurking steld.

Wat kinst sels dwaan?

Ta eintsjebeslút kinsto sels ek aksje ûndernimme om 'hjittefit' te wurden: genôch wetter drinke, goed fentilearje, goede klean drage en dyn dei wat oars yndiele, kin de ynfloed fan de hjitte op dyn liif al aardich beheine.
In strukturele maatregel dy'tst sels nimme kinst, is it trainen fan dyn kondysje: wat fitter oftst bist, wat better oftst tsjin ekstreme waarmte kinne silst.
Paul van Berlo fan Into the Grave
© Omrop Fryslân
De festivalgongers fan Into the Grave sille yn alle gefallen fit genôch bliuwe mei it springen op de metalmuziek. Neffens de festivalorganisaasje bringe de hege temperatueren allinnich mar foardielen mei.
"Ik verwacht lekker weer, veel bier en veel gezelligheid", beslút Van Berlo.
It metalfestival Into the Grave is freed foar de fjirtjinde kear úteinset yn Ljouwert. Dit jier is oars as oare jierren, want it festival is fan lokaasje ferhuze. It is net op it plein ûnder de Aldehou, mar yn it Stasjonskwartier.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.