Omrop Fryslân

Ljouwerter brêgewachter bokst om wrâldtitel yn Uganda: "Het is hij of ik"

Dennis Michael Smith fan Ljouwert
© Eigen foto / AFSO
Dennis Michael Smith út Ljouwert kickbokste al trettjin jier net mear en wie net mear yn foarm. Dan wurdt er ynienen útnûge om it yn Uganda op te nimmen tsjin ien fan de bêste kickboksers fan Afrika om in wrâldtitel.
De measte minsken soene wol twa kear neitinke, mar de 39-jierrige Smith wist it wol. "Dit neem ik met beide handen aan."

Update

Yntusken is bekend wurden dat de wedstriid fan Smith sneon net trochgiet fanwegen in blessuere by syn tsjinstanner. De wedstriid wurdt nei alle gedachten ferpleatst nei in letter momint.
Yn in pear moannen tiid hat er alles op alles set foar dizze wedstriid. Saterdei 31 maaie is it dan safier.

Koart dei

It is yn jannewaris fan dit jier as er - út it neat - útnûge wurdt om yn aksje te kommen yn Uganda. Hy is dan noch swierder as 100 kg, wylst er yn aksje komme moat yn de klasse tusken 85 en 87 kg. Hy giet de útdaging oan.
Oan syn trainer sil it yn elts gefal net lizze. Dat is de Ugandeeske Ljouwerter kickbokser Willy Kyakonye, sûnt dit wykein wrâldkampioen boksen fan de World Boxing Federation.
Dennis Michael Smith en Willy Kyakonye
© Eigen foto
Hy is ek de reden dat it Dútske bûn AFSO by Smith útkaam. "Ze waren op zoek naar iemand van Nederlandse afkomst. Nederland staat bekend om het leveren van goede kickboxers."
It grutste probleem wie syn foarm, wist Smith sels ek. "Ik ben 39 jaar, dus voor kickboxen ben ik op leeftijd. Ik kickbox al dertien jaar niet meer."
Hy stie yn novimber 2012 foar it lêst yn de ring, kin er him noch goed heuge. "De laatste partij was in Den Helder, na dat moment ben ik ermee opgehouden."
"Ik was 102 kg, terwijl dat gevecht is afgesproken tussen de 85 en 87 kg. Dus er moest wel wat vanaf."
Smith leit syn aventoer fêst en dielt de fideo's op syn YouTube-kanaal:
Smith traint dêrom al in pear moannen twa kear yn de wike mei Willy Kyakonye. Dêrneist stiet er trije dagen yn de wike by kickboksskoalle Kai Muay yn Ljouwert. Dat allegear njonken syn wurk as brêge- en slûswachter foar de provinsje.
"Maar dat was geen probleem", seit Smith grutsk. "Ik heb flink getraind, goed gegeten en ik heb een vriendin die me steunt en helpt. Ik ben op gewicht."
It affysje fan it wrâldtitelgefjocht yn Uganda
© AFSO
No rjochtet er syn blik op de wedstriid. "Ik ben nu eerlijk gezegd niet zenuwachtig, ik heb er zin in."
Fan syn tsjinstanner Abudalatif wit er net it measte, jout er ta. Wat er wol wit, is dat er hast al syn wedstriden oant no ta wûn hat. Op bylden hat er sjoen wat er ferwachtsje kin.
"Het is een vechter die veel druk zet. Als-ie stoot, maakt-ie flinke combo's. En hij mag graag inkomen met een frontkick."
Als ik eenmaal in de ring sta, is het hij of ik.
Dennis Michael Smith
Koartsein in "wilde vechter", fynt Smith. "Hij komt echt om je kop eraf te rammen."
Smith ferklapt dat er in kreaze fergoeding kriget foar syn dielname yn Uganda. Dochs giet it him om de wedstriid sels. "Als ik win, dan ben ik de kampioen van deze gewichtsklasse van de AFSO."
"Hij is nu wereldkampioen in die divisie, dus het gaat hier om een wereldtitelgevecht. Als ik eenmaal in de ring sta, is het hij of ik."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.