Omrop Fryslân

Wurk oan N354 set moandei útein: dit betsjut it foar dyn reis

De N354
© Google Street View
Yn ferskate fazes wurdt de kommende twa moannen wurke oan de N354 tusken Spannenburch en Eastersee. Dat hat gefolgen foar it dykferkear.
Mei it wurk is de dyk op ferskate mominten folslein ôfsletten foar auto's, frachtferkear, bussen en lânbouweinen. Yn guon fazen ek foar fytsers en fuotgongers. It wurk wurdt opdield yn trije fazen.

Faze 1: Follegea - Eastersee

Moandei 26 maaie 7.00 oere oant freed 13 juny 17.00 oere.
Yn dizze faze wurde de rydbaan, it fytspaad en de paralleldyk oanpakt. De rydbaan en de op- en ôfrit Eastersee (18) op de A6 binne ek ôfsletten.
De omliedingsrûte yn de earste faze fan it wurk
© Omrop Fryslân

Faze 2: Spannenburch - Follegea

Moandei 16 juny 7.00 oere oant freed 11 july 17.00 oere.
Yn dizze faze wurde de rydbaan en it fytspaad ek oanpakt.
De omliedingsrûte yn de twadde faze fan it wurk
© Omrop Fryslân

Faze 3: Krúspunt Spannenburch

Moandei 14 july oant en mei sneon 19 july, op wurkdagen tusken 19.00 en 6.00 oere.
Yn dizze lêste faze wurdt jûns en nachts wurke om de oerlêst te beheinen. Oerdei is de dyk iepen.
De omliedingsrûte yn de tredde faze fan it wurk
© Omrop Fryslân
It iepenbier ferfier rydt yn de perioade fan it wurk in oare rûte. De provinsje ferwiist nei Qbuzz foar mear ynformaasje.

Wurk oan akwadukt

Yn deselde perioade wurket de provinsje ek oan it akwadukt Jeltesleat tusken De Hommerts en Kûfurderrige. Dat begjint op moandei 16 juny. Fan dy dei ôf is it akwadukt fiif nachten ticht tusken 19.00 en 5.00 oere. Dykferkear wurdt omlaat oer de A7 en A6.
Nei de ôfslutingen moatte der noch reparaasjes útfierd wurde foardat it akwadukt skildere wurde kin. De ferwachting is dat der noch fjouwer wiken lang in heale rydbaan ticht moat.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.