Nijbou Nijhoarne rint fêst troch tekoart oan netkapasiteit: "Dit moat slagje"
De plannen foar nijbou yn Nijhoarne driigje fêst te rinnen troch in tekoart oan netkapasiteit. Hjirtroch soe de plande oansluting fan ein 2026 net realisearre wurde kinne, wat ta grutte soargen liedt by ynwenners.
Der moatte sa'n 55 wenningen komme op in gersfjild midden yn it doarp. It proses fan de nijbou is unyk. Yn Nijhoarne is in aparte wurkgroep oprjochte mei belanghawwenden en oare minsken dy't har ynsette wolle foar it doarp. Mei-inoar hawwe se de regy fan it projekt.
Nijbou Nijhoarne rint yn fêst
By in gearkomste begjin jannewaris fan it Pleatslik Belang ûntstie dit plan. Fyftjin ynteressearden giene yn petear mei de gemeente Hearrenfean, projektûntwikkelers en makelers.
In grut foardiel wie dat de gemeente grûn beskikber hie foar de wenningbou, dêr't op hiel koarte termyn boud wurde koe.
"Der moatte in soad sosjale hier- en sosjale keepwenningen komme", seit Annie Stelma, foarsitter fan de wurkgroep. "Dat is belangryk yn dit doarp. Der is behoefte oan goedkeape wenningen. Dat kinne we mei dit projekt realisearje."
Flinke fertraging
No liket it derop dat de plannen flinke fertraging oprinne sille. Neffens netbehearder Liander kin it elektrisiteitsnet yn dit gebiet net op tiid oanpast wurde om de plande wenningen oan te sluten. Der is in tekoart oan netkapasiteit. Hjirtroch kin de needsaaklike útwreiding pas tusken ein 2029 en ein 2032 klear wêze.
It projekt yn Nijhoarne is net de iennichste dat fêstrint. 545 nije huzen dy't boud wurde yn Ljouwert, Hearrenfean en Eaststellingwerf kinne mooglik net op it stroom oansletten wurde.
Netútwreiding needsaaklik
Foardat wenningbouprojekten begjinne kinne, fiert Liander in netcheck út om te ûndersykjen oft it elektrisiteitsnet yn de regio ekstra belesting oankin. By it projekt De Fjilden die bliken dat de hjoeddeistige ynfrastruktuer net by steat is om de nedige oansluting te bieden foar de wenningen.
De ynfrastruktuer yn dit gebiet is net genôch taret op de ekstra belesting dy't wenningbou mei him meibringt. Netútwreiding is yn dit gefal needsaaklik.
Reaksje Liander
Liander lit witte dat dit útstel ien fan de senario's is, mar dat it noch net definityf is. Neffens de elektrisiteitsleveransier sit der in ferskil tusken wannear't in gemeente tinkt dat in hûs oplevere wurde kin en wat realistysk is.
Sa docht Liander syn bêst om it like gau as mooglik oan te lizzen, mar is it ek bûn oan wet- en regeljouwing. In oar senario kin wêze dat de gemeente in alternative oplossing betinkt.
Ferskate partijen sille ynkoarten mei-inoar yn petear om ta in passende oplossing te kommen.
Dizze ûntwikkeling hat grutte gefolgen foar ynwenners fan Nijhoarne. Sawol âlde as jonge ynwenners hawwe belangstelling foar de nijbou.
Needsaak om te bouwen
Ien fan de jonge wenningsykjenden is Leila Hofma. Se wennet no noch thús by har âlden, mar is wol op syk nei wat oars. Se sjocht de needsaak om by te bouwen yn it doarp. "Oars reitsje we minsken en jongeren út it doarp kwyt", ferwachtet se. "Wy hiene hjir plannen foar en hoopje dat it noch trochgean kin."
Dochs hat se hoop. "Ik sjoch it seker goed kommen. Der is in moaie wurkgroep mei entûsjaste minsken dy't seker net samar opjouwe. Ek al binne der in pear teloarstellingen, soargje wy derfoar dat it goedkomt."
In tal âldere ynwenners is just op syk nei in lytsere wenning, lykas Jan Schapelhouman. "Wij wonen nu in een vrij groot huis met vijf slaapkamers en een grote tuin", fertelt er.
"Het is de bedoeling dat het wat doorstroomt. Er was mogelijkheid om op dit terrein wat kleiner te bouwen, wat geschikt is voor oudere mensen."
As de nijbou útsteld wurdt, tinkt Schapelhouman dat it foar him te let komt. "Eerlijk gezegd denk ik dat we dan al te oud zijn. Dan loop ik tegen de 80 en wordt het niks meer."
We sille gewoan plannen meitsje en hoopje stikem dat we meifallers krije.
Nettsjinsteande de tsjinslach is de wurkgroep fêstberet. Se sette troch, krekt salang't der hoop is. Stelma: "We sille gewoan plannen meitsje en hoopje stikem dat we meifallers krije."
"It is in moai proses en dogge dit mei entûsjasme. Dit moat gewoan slagje. En it sil slagje."