Omrop Fryslân

Syriër Sleman Bdewi giet werom nei syn heitelân, mar Fryslân fielt as syn thús

Sleman Bdewi
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Syriër Sleman Bdewi, dy't jierren yn Sint Anne wenne hat, giet werom nei syn heitelân. Bdewi is keunstner en ferbleau jierrenlang yllegaal yn Nederlân.
De lêste moannen siet hy yn in sintrum yn België. No is hy yn Sint Anne werom om ôfskied te nimmen fan freonen en de minsken dy't him altyd stipe hawwe.
Syrier Sleman Bdewi giet werom nei syn heitelân
Bdewi hat al mear as 12 jier net yn Syrië west. Hy flechte yn 2012 en kaam yn 2015 yn Nederlân terjochte. Dat waard úteinlik it azc yn Sint Anne. Dêr besocht hy in status te krijen, mar dat slagge net.
Mei help fan oaren bleau hy wol yn de omkriten, mar hie noait in eigen plak en koe net oan syn takomst wurkje. Dat brekt him no op.
Zonder papieren ben je niks. Je kan niet trouwen, niet werken, je kan helemaal niks.
Sleman Bdewi
Doe't it rezjym fan Bashar Al Assad foel, makke hy de beslissing. Hy woe werom, om wat yn syn eigen lân op te bouwen.
Mei pine yn 't hert naam hy dat beslút, want hy hie graach hjir syn bestean fierder opbouwe wollen. Mar dat sit der net yn.
En hy is hast 40 jier, de heechste tiid om it libben wer op te pakken. "Zonder papieren ben je niks. Je kan niet trouwen, niet werken, je kan helemaal niks."

"Syrië is veilig"

De berjochten dy't wy hjir krije oer Syrië, binne net altyd like posityf. We hearre en sjogge dat der noch in soad geweld is en dat it ûnrêstich is. Neffens Bdewi wurdt dat hjir oerdreaun, benammen op de sosjale media.
Yn it Syryske doarp dêr't hy wennet, is it neffens him rêstich. Hy hat kontakten mei âlde freonen. Dy fine it moai dat hy weromkomt. Hy sjocht wol dat se hurd âlder wurden binne. Se fine him der noch jong útsjen.
Het voelt hier als mijn thuis.
Sleman Bdewi oer Fryslân
It earste dat hy dwaan moatte sil, is syn hûs weropbouwe. En hy wol werom nei de skoalle dêr't hy lesjoech.

Fryslân sit yn it hert

Hy sil Fryslân hiel bot misse. Benammen de minsken dy't him holpen hawwe. Fryslân fielt as syn thús, seit de Syriër.
Hy hat hjir in hiel netwurk opboud en hopet dat der wol kontakt bliuwt. "Ik kan overal terecht, de mensen vertrouwen me. Het voelt hier als mijn thuis."
Swarte Hoanne is it favorite plak fan Bdewi
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
We treffe Sleman Bdewi by Swarte Hoanne. Dêr rint hy graach. It is syn favorite plak om nei te tinken en ta rêst te kommen.
Dy rêst fynt hy de lêste jierren ek yn it skilderjen. Sa'n 750 skilderijen makke hy fan 2020 ôf. Se hingje op ferskate plakken yn ús lân, mar ek yn it bûtenlân.

Noch 400 skilderijen yn Sint Anne

It is foar Bdewi de manier om stress kwyt te reitsjen. "Ik schilder hele dagen, elke dag wel een schilderij. Dat maakt mijn hoofd rustig."
Der binne noch sa'n 400 skilderijen yn Sint Anne. Dy wol hy noch graach ferkeapje, foardat hy weromgiet nei Syrië. Minsken dy't belangstelling hawwe, kinne har melde op de Facebookpagina fan Bdewi.
Skilderjen helpt tsjin stress
© Omrop Fryslân
Fryslân sit yn syn hert, syn oantinkens en de leafde foar de provinsje nimt hy mei nei syn heitelân. En noch mear. Bdewi hat sels in soad frijwilligerswurk dien yn Fryslân en frijwilligers holpen him ek. Dat fynt hy in moaie tradysje.

Frijwilligerswurk dwaan yn Syrië is de dream

Yn Syrië wol hy dat ek opsette. Frijwilligerswurk foar de mienskip yn syn doarp en omjouwing. "Dat is een grote droom, aktiviteiten opzetten met kunst en muziek. En kinderen helpen die de oorlog meegemaakt hebben."
De kommende wike is Bdewi noch yn Sint Anne om ôfskied te nimmen. Op 20 juny stapt hy yn Brussel op it fleantúch foar de reis werom nei Syrië.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.