Simone Scheffer fytst 30e Alvestêdetocht foar in 'funtrain' foar soarchbuorkerij Veldzicht
In oanhingwein foar in duofyts. Dat is it doel dêr't it Omrop Fryslân-fytsteam ûnder lieding fan Simone Scheffer op twadde pinksterdei de Alvestêdetocht foar fytst.
Foar de 30e kear stapt Simone Scheffer op pinkstermoandei op de fyts foar in tocht by de alve stêden del. Al dy kearen die se fan de fyts ôf ek live ferslach op de radio. Dit jier sil dat foar de lêste kear wêze, dêrom woe se graach dizze lêste tocht foar in goed doel fytse.
Nei in oprop oan de harkers, sjoggers en lêzers fan Omrop Fryslân hat Simone derfoar keazen om te fytsen foar in 'funtrain' foar soarchbuorkerij Veldzicht by Parregea. Mei sa'n oanhingfyts kinne der mear minsken mei as de kliïnten en begelieders deropút geane.
Simone Scheffer fytst foar Veldzicht
It kiezen wie foar Simone noch dreech genôch trouwens, want der kamen hûnderten reaksjes binnen, benammen út de soarch. Fan duofytsen is in soad ferlet, waard dúdlik. "Foarôf hie ik al oanjûn dat it my moai like om foar in doel te fytsen dat wat te krijen hat mei fytsen", seit Simone.
"En dan it leafst yn 'e buert fan Boalsert, omdat dat it sintrum fan de Fytsalvestêdetocht is. Mei de oanhinger foar de duofyts yn Parrregea is dat slagge!"
De soarchbuorkerij hat deibesteging foar ferskate doelgroepen. Sa kinne folwoeksenen mei geheugenproblemen of lichaamlike beheinings en demintearjenden der te plak. Mar ek bern fan 5 oant en mei 12 jier binne wolkom. Sa binne der útfanhuzerswykeinen foar bern mei bygelyks ADHD.
Bewege is wichtich op de soarchbuorkerij. De Stichting Vrienden van Veldzicht organisearret ferskate aktiviteiten foar minsken dy't op de soarchbuorkerij komme. Se besykje safolle mooglik om minsken yn beweging te krijen.
Oars is de mooglikheid beheind, no kom ik fierder.
Ut de soarchmiddelen kin dat net betelle wurde. Dêrom is de stichting oprjochte. Der is sparre foar in duofyts en ek in beweechpark bykaam. De duofyts is foar ûnder oare Jan Werumeus-Buning in útkomst. Hy is fisueel beheind en kin net sels fytse.
"It is hartstikke fijn om sa dochs yn beweging te wêzen. Oars is de mooglikheid beheind, no kom ik fierder", seit Jan Werumeus-Buning.
Omdat it fytsen sa goed foldocht, wolle se by Veldzicht graach in oanhingfyts derby hawwe. Sa kinne der mear minsken mei op in tochtsje. De Funtrain, sa't sa'n oanhingfyts hjit, is no it doel. En dêr fytst teamsimone.nl foar.
"We soene it hiel fijn fine", seit Veldzicht-direkteur Grytsje van der Steege. "Sa kinne we mei mear minsken fytse. Wat mear minsken, wat geselliger."
Foar Simone is it de 30e kear dat se by de alve stêden del fytst op pinkstermoandei. Alle kearen wie se te hearren, en de lêste jierren ek te sjen as fytsende ferslachjouwer. Dit kear docht se dat foar it lêst.
Nei alle gedachten fytst se 'm ek noch wol in 31e kear, mar dan sûnder kamera en mikrofoan.
Foar it goede doel
En no dus foar de lêste kear mei in eigen stimpel. "Fytse foar in goed doel like my moai. Net elkenien is yn steat om dit te dwaan. It is prachtich om dan ek wat foar in oar te betsjutten. Ik hoopje dat de minsken fan Veldzicht aanst ek genietsje kinne op de funtrain!"
Teamsimone.nl
Wolsto Simone en har team ek stypje mei in bydrage foar it goeie doel? Dat kin op www.teamsimone.nl. Dêr fynst in koarte útlis oer it doel.
Fierder is dêr it rekkennûmer te finen, mei in handige link om maklik in donaasje te dwaan foar de oanhinger foar de duofyts foar Veldzicht.